Hoek fan Hollân
Hoek fan Hollân (Nederlânsk en offisjeel Hoek van Holland) is in kustplak yn Súd-Hollân, lizzend op de noardouwer fan de Nieuwe Waterweg dêr't dy de Noardsee berikt. Hoek fan Hollân is in eardere dielgemeente fan de gemeente Rotterdam, mar leit sa'n 25 kilometer ten westen fan de stêd Rotterdam. De gemeente Rotterdam is foar statistyske doeleinen ûnderferdield yn wiken en buerten, Hoek fan Hollân is Wyk 17 (CBS-wykkoade:059917).
It plak grinzet oan de noardeastlike kant oan de gemeente Westland en oan de súdeastlike kant oan de gemeente Maassluis. Oan de westkant grinzet Hoek fan Hollân oan de Noardsee en oan de súdkant oan de Nieuwe Waterweg. Hoek fan Hollân, yn de folksmûle faak koartwei "de Hoek" neamd, hat 10.200 ynwenners en in oerflak fan 14,1 km².
Skiednis
It gebiet Hoek fan Hollân is ûntstien as sânplaat yn de mûning fan de Maas, doe't dy nei de Sint-Elisabetsfloed fan 1421 hieltiten fierder fersâne. Alderlei plannen waarden makke om it farwetter nei Rotterdam te ferbetterjen. Yn 1863 waard definityf besluten ta de oanlis fan de Nieuwe Waterweg. Dizze waard tusken 1866 en 1868 groeven. It trasee rûn troch it gebiet Hoek fan Hollân. Dêr ûntstie in primitive delsetting, de "Oude Hoek" (tsjintwurdich it Súdlik Strânsintrum), dêr't in soad arbeiders en heger personiel fan Rykswettersteat har fêstigen.
Hoek fan Hollân foel yn it earstoan bestjoerlik ûnder de gemeente 's-Gravenzande. It krewearjen fan de Hoekenezen om it plak om te foarmjen ta in selsstannige gemeente mislearre. Op 1 jannewaris 1914 waard Hoek fan Hollân by Rotterdam foege. Nei de Earste Wrâldoarloch begûn it doarp him te ûntwikkeljen, it wurdt sûnttiids ynformeel ek wol 'Rotterdam oan see' neamd.
Feartsjinst
Alhoewol't de haven fan Hoek fan Hollân net sa grut is, is Hoek fan Hollân ynternasjonaal bekend troch de feartsjinst nei Ingelân. De feartsjinst fart sûnt 1893 nei de Ingelske havens Harwich (passazjiers en fracht) en Killingholme (allinnich fracht). De oanlisstegers lizze tichtby it sintrum en stasjon Hoek fan Hollân Haven. De passazjiershal is direkt ferbûn mei dit stasjon.
Stoarmfloedkearing Nieuwe Waterweg
Tusken Maassluis en Hoek van Hollân lei it slútstik fan de Deltawurken, de Maeslantkearing. De Maeslantkearing moat it Súd-Hollânske rivieregebiet beskermje tsjin ekstreem hege wetterstannen op see. Foardat de Maeslantkearing sluten wurdt, moatte de measte gebieten yn it havengebiet al mear as in meter ûnder wetter stean. By in fierdere, driigjende oerstreaming fanút see slute twa mânske doarren de Nieuwe Waterweg ôf en beskermje it rivieregebiet en de havens.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hoek fan Hollân fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|