César du Cinéma
César du Cinéma | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Frânsk | |
útrikt foar | films | |
útrikt troch | Académie des Arts et Techniques du Cinéma | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | febrewaris | |
plak | Parys (Frankryk) | |
ynsteld | 1975 | |
1e útrikking | 1976 | |
offisjele webside | ||
www.academie-cinema.org |
De Césars du Cinéma (koartwei de Césars) binne in groep Frânske filmprizen dy't ien kear jiers útrikt wurde foar de as bêste beoardiele wurken en prestaasjes op it mêd fan 'e Frânske film fan it foargeande jier. Dizze prizen waarden yn 1975 ynsteld op inisjatyf fan 'e Académie des Arts et Techniques du Cinéma, dy't datselde jiers oprjochte waard, en dy't noch altyd de útrikking fan 'e prizen bewurkmasteret. De Césars waarden foar it earst útrikt yn 1976, en sûnt fynt de live op 'e Frânske tillefyzje útstjoerde útrikkingsseremoanje altyd plak yn febrewaris, yn it Théâtre du Châtelet yn Parys.
De Césars binne de wichtichste Frânske filmprizen, ferlykber mei de Molières op it mêd fan it Frânske toaniel, en de Victoires de la Musique op it mêd fan 'e Frânske muzyk. Op it mêd fan 'e film kin de César ferlike wurde mei de Oscar yn 'e Feriene Steaten, de BAFTA Award yn it Feriene Keninkryk en it Gouden Keal yn Nederlân. De César is ferneamd nei de byldhouwer César Baldaccini (1921-1998), dy't de trofee ûntwurp.
Yn 2015 wie Isabelle Adjani de akteur/aktrise dy't de measte Césars wûn hie, mei 5 Césars en 8 nominaasjes. Dejinge mei de measte nominaasjes wie Gérard Dépardieu, mei 16 nominaasjes en 2 Césars. Fan 'e regisseurs wie Roman Polanski it meast yn 'e prizen fallen, mei 4 Césars en 4 nominaasjes. Oangeande films stiene Cyrano de Bergerac, út 1990, en Le Dernier Métro, út 1980, boppe-oan, mei beide 10 Césars
Kategoryen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- prizen fan fertsjinste
|
- spesjale prizen
- eare-César
- Prix Daniel Toscan du Plantier
- Trophée César & Techniques
- Médaille d'Or ("Gouden Medalje")
- ôfskafte prizen
- bêste film út 'e Jeropeeske Uny (2002-2004)
- bêste filmposter (1986-1990)
- bêste filmprodusint (1995-1996)
- bêste senario (oarspronklik of adaptaasje) (1976-2005)
- bêste Frânsktalige film (1984-1986)
- bêste koarte dokumintêre (1977-1991)
- bêste koarte spylfilm (1977-1991)
- bêste koarte animaasjefilm (1977-1990)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|