Willem Smink
Willem Smink | ||
politikus | ||
Willem Smink by de iepening fan in nijbouprojekt yn Grins, 17 maaie 2005 | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 30 maaie 1957 | |
berteplak | Harich | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | PvdA |
Willem Smink (Harich, 30 maaie 1957) is in Nederlânske politikus fan Frysk komôf.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1992 oant 2006 wie Smink wethâlder Romtlike Oardening, Folkshúsfesting, Wykfernijing, Grûnsaken en Monuminten foar de Partij van de Arbeid yn Grins. Hy folge yn 1992 Ypke Gietema op nei't dy ôfgien wie, fanwegen de problemen yn de Grinzer Kredytbank-affêre.
Yn 1980 en 1981 wie hy foarsitter fan de Jonge Socialisten ôfdieling Grins, de jongereinorganisaasje dy't ferbûn is oan de PvdA.
Smink wie ek lokoboargemaster. Hy naam yn april 2006 ôfskied yn de Euroborg, nei't er (foar de gemeenteriedsferkiezingen fan maart 2006) witte litten hie net beskikber te wêzen foar noch in perioade. As wethâlder wie Smink troch syn ambisjeuze plannen en syn útsprutsen optreden in bekend politikus yn Grins.
Hy wie fan 2008 oant 2017 bestjoersfoarsitter fan de NHL Hegeskoalle. Yn 2018 waard Smink beneamd ta tydlik bestjoerder fan de Fryske Akademy, dêr't er earder al aktyf west hie as "prosesbegelieder".[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |