Springe nei ynhâld

Ulrich Huber (1636-1694)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 feb 2022 om 05.11 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ulrik Huber
(Kolleksje Museum Martena)
Byld fan Ulrik Huber yn De Haach.

Ulrich Huber (of Ulrik Huber; Dokkum, 12 maart 1636Frjentsjer, 8 novimber 1694) of Ulrich Huber, of Ulricus Huber, wie in professor rjochtsgeleardheid oan de Universiteit fan Frjentsjer en in polityk filosoof.

Huber studearre yn Frjentsjer, Utert en Heidelberg. Hy begûn yn 1657, op tige jonge leeftiid, as professor redenrikens en skiednis en yn it jier 1665 waard hy professor rjochtsgeleardheid. Fan 1679 oant 1682 wie Ulrik Huber in rjochter oan it Hof fan Fryslân. Hjirnei gie er werom as professor rjochtsgeleardheid oant syn dea yn 1694. Syn wichtichste wurk, De jure civitatis libri tres, waard oarspronklik publisearre yn 1672 en waard dêrnei in oantal kearen oanpast oant 1694. Huber beskôge it frijwillich ôfstân dwaan fan frijheid en de berte fan in bern fan in froulike slaaf tastiene grûnen foar slavernij. Dat gou ek foar kriichsfinzenen en stiiffêste kriminelen.

Neist syn wurk, wie er benammen ynternasjonaal bekend troch syn stúdzjes oer it Romeinsk rjocht. Hy levere, krektas Hugo Grotius en Johannes Voet, in wichtige bydrage oan it Romeinsk-Hollânsk rjocht. Yn Nederlân waard er ek bekend troch syn wurk Heedensdaegse Rechtsgeleertheyt soo elders, als in Friesland gebruikelijk (1686, 1786). Yn dat wurk presintearre hy in folslein oersjoch fan it rjochtssysteem fan Fryslân fan dy tiid.

Hy wurdt sjoen as de grutste jurist fan de provinsje Fryslân fan alle tiden. Op de Universiteit fan Grins is in ynstitút fan de Fakulteit Rjochten nei him ferneamd. Syn soan Harmannus Huber wie siktaris fan de Steaten fan Fryslân en boargemaster fan Snits.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ulrici Huberi Digressiones Justinianeae (Titelblêd fan de Frjentsjerter útjefte út 1688 fan Hubers Haadwurk)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J.H.A. Lokin, C.J.H. Jansen: Het Rooms-Friese recht - 1999. Berlyn 1992, ISBN 9065500758 (Huber hat ynfloed hân op it Romeinsk-Hollânsk rjocht.)