Springe nei ynhâld

Barranquilla

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 feb 2022 om 05.58 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Barranquilla
Lokaasje fan Barranquilla yn Atlántico en Kolombia
Lokaasje fan Barranquilla yn Atlántico en Kolombia
Bestjoer
Lân Kolombia
Steat Atlántico
Boargemaster Alejandro Char
Sifers
Ynwennertal 1.148.506
Oerflak 154 km²
Befolkingsticht. 8004,97/km²
Stêdekloft 2.370.753
Hichte 18 m
Oar
Stifting 1627
1813 (wetlik)
Tiidsône UTC-5 (UTC-5)
Simmertiid UTC-5(UTC-5)
Koördinaten 10°57′ NB 74°47′ WL
Offisjele webside
www.barranaquilla.gov.co

Barranquilla (útspr.: [baraŋˈkiʝa]; likernôch: "bar-rang-ki-ja") is de haadstêd fan it departemint Atlántico yn Kolombia. It leit tichteby de Karibyske See en is de grutste stêd en hat de grutste haven fan de noardlike Karibyske Regio fan Kolombia. Yn 2018 hie it 1.232.766 ynwenners en wie it de fjirde stêd fan Kolombia neffens ynwennertal, nei Bogotá, Medellín en Cali.

De namme fan Barranquilla ferwiist nei de kleauwen, dy't yn it gebiet njonken de rivier de Magdalena lizze, dêr't de stêd ûntstie. Under de Spaanske kolonisaasje fan Amearika kaam de namme barranca ornaris foar yn kustplakken, lykas Barrancabermeja, Baranca Nueva, Barranca Vieja, ensafuorthinne. De namme 'Barranquilla', in ferlytsingsfoarm fan 'Baranca', kaam faaks fan in wiziging dy't fan Aragoneeske oarsprong wie. Under de Spaanske kolonisaasje stie it gebiet bekend as Camacho of Kamasj, dy't de oarspronklike Yndiaanske bewenners wiene. San Nicolás de la Barranquilla, dêr't Nikolaas fan Tolentyn de patroanhillige fan wie, ûntjoech it gebiet mei it lângoed Barrancas de Camacho, Barrancas de San Nicolás, Barranquilla de Camacho en Barranquilla de San Nicolás, dêr't de stêd syn namme wei krigen hat.

De stêd hat as bynamme "De Gouden Poarte fan Kolombia", dat yn 't Spaansk La Puerta de Oro de Colombia betsjut.

Barranquilla waard pas wetlik offisjeel in plak op 7 april 1813, maar wie al stifte om 1627 hinne. It woeks út ta in wichtige haven en tsjinne as in feilige oankomstplak foar ymmigranten út Jeropa, benammen yn en daliks nei de Earste en Twadde Wrâldkriich, doe't weagen fan ymmigranten fan it Midden-Easten en Aazje oankamen.

Barranquilla waard de wichtichste en grutste haven fan Kolombia en troch de yndustrialisaasje en nijmoadrigens krige de stêd de bynamme "de Gouden Poarte fan Kolombia" (Spaansk: La Puerta de Oro de Colombia). Yn de 1940-er jierren wie Barranquilla sels de twadde stêd yn grutte fan Kolombia en ien fan de nijmoadrichste stêden yn it Karibysk Gebiet en Súd-Amearika. Troch pleatslike korrupsje rekke de stêd suver yn in delgong en gie de libbensstandert fan de stêd ek nei ûnderen. De posysje fan Barranquilla op nasjonaal nivo gie omleech, ûnder oaren om't de nasjonale oerheid de ûntjouwing fan oare Kolombiaanske stêden stipe.

Plaza San Nicolás

Barranquilla leit strategysk oan de westigge fan de delta fan de rivier de Magdalena. It leit 7,5 km fan de mûning fan de rivier yn de Karibyske See. Foar de groei fan de stêd lei it noch 25 km fan de mûning ôf. De haven tsjinnet as in trochgong foar it ferfier oer wetter troch Kolombia hinne. De stêd is it hert fan de stêdekloft fan Barranquilla, dêr't ek de stêden Soledad, Galapa, Malambo en Puerto Colombia by hearre.

Barranquilla hat in tropysk savanneklimaat neffens de Köppen klimaatklassifikaasje. It is waarm troch it gânse jier hinne, mei in hege relative luchtfochtichheid. De trochsneed temperatuer is 28,4 °C. De deitemperatuer bliuwt ornaris om 32 °C hinne hingjen. Lykwols, fan ein novimber oant begjin april makket de passaatwyn it suver wat koeler oerdeis, sa dat it nofliker oanfielt. Jûns en nachts kin de temperatuer feroarje troch de hurde wyn. Fan april oant en mei juny en fan augustus oant en mei novimber is it reinseizoen, dêr't guon strjitten der by ûnderstrûpe, sadat arroyos (streamen) ûntsteane dy't tige gefaarlik wêze kinne, om't yn guon dielen fan de stêd gjin goed ûntwetteringssysteem is.

Der binne in soad kulturele folksfeesten yn Barranquilla, dêr't de Karnaval fan Barranquilla de bekendste fan is. Dat karnaval waard troch it Kolombiaanske kongres yn 2001 ta Nasjonaal Erfgoed ferklearre en yn 2003 ynternasjonaal erkend troch de UNESCO.

De Ynternasjonale Lofthaven Ernesto Cortissoz, dy't yn 1919 yn Barranquilla boud waard, wie de earste lofthaven fan Súd-Amearika. De lofthaven tsjinnet nasjonale en ynternasjonale flechten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.