Einheitsgemeinde
In Einheitsgemeinde (betsjut: ienheidsgemeente) is in bepaalde foarm fan gemeenten yn inkelde dielsteaten fan Dútslân en Eastenryk en guon kantons fan Switserlân.
Dútslân
Yn Dútslân is de gemeentewet in saak fan de dielsteat. De struktueren en begripen fan ienheidsgemeenten ferskille de dielsteat. It begryp Einheitsgemeinde foar in selsstannige gemeente, benammen as er út meardere doarpen bestiet, dy't foar administrative doelen net mei op syn minst ien oare selsstannige gemeente ta in gruttere administrative ienheid oansletten is (bygelyks yn Nedersaksen in samtgemeinde - gearwurkingsgemeente) is yn guon dielsteaten wetlik fêstlein, wylst yn oare dielsteaten, sa as Beieren, foar in part net wetlik fêstlein is. Yn oare dielsteaten, sa as Hessen en Saarlân, hawwe se in oare betsjuttenis: Großgemeinde (grutte gemeente).
Yn Nedersaksen, Saksen, Saksen-Anhalt en Beieren is de Einheitsgemeinde de offisjele betsjuttenis foar in lânkringsgemeente, dy't net yn in bestjoerlike gearwurking ferbûn is, bygelyks Verbandsgemeinde yn Saksen-Anhalt, en samtgemeinde yn Nedersaksen. In Einheitsgemeinde behannelet al syn eigen administrative taken. Yn Brandenburch hjitte sokke gemeenten amtsfreie Gemeinden (amtsfrije gemeenten).
Berlyn en Hamburch binne beide stedsteaten en hawwe ien bestjoerslaach, en kinne dêrom ek wol sjoen wurde as in ienheidsgemeente. Bremen bestiet út twa gemeenten, dy't beide út twa grutte stêden bestiet. Dêrom wurdt it begryp yn de trije stedsteaten brûkt.
Eastenryk
Yn Eastenryk betsjut de útdrukking Einheitsgemeinde neffens de grûnwet dat alle gemeenten, ûnôfhinklik fan de grutte en soarte yndustry, deselde rjochten en plichten hawwe. In útsûndering binne de stêden mei in eigen statút. In stêd kin, as er mear as 20.000 ynwemmers hat, oanfreegje foar in bysûndere status dêr't er in bysûnder stedsrjocht bemachtigje kin, dy't dan allinnich foar dy stêd jildt.
Switserlân
Switserlân kent in rige bysûndere foarmen fan gemeente, dy't ornearre binne foar bysûndere taken. De trije wichtichste foarmen binne bygelyks de ynwennergemeenten (Eihnwohnergemeinde), de boargergemeenten (Bürgergemeinde) en de skoalgemeenten (Schulgemeinde). De Einheitsgemeinde is in gemeente yn kantons dêr't gjin bysûndere gemeenten binne, alle taken fan de bysûndere gemeenten hat.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Einzelnachweise op dizze side. |