Sulveren Griffel
Sulveren Griffel Zilveren Griffel | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
útrikt foar | bêste berneboeken | |
útrikt troch | CPNB | |
frekwinsje | 1x jiers (oan ferskate auteurs) | |
datum | yn 'e Berneboekewike | |
ynsteld | 1971 | |
1e útrikking | 1971 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
De Sulveren Griffel (Nederlânsk: Zilveren Griffel) is in Nederlânske literêre priis foar jongereinliteratuer. Mei de Gouden Griffel is it de wichtichste Nederlânske priis op dat mêd. Sûnt 1971 wurdt de Sulveren Griffel elts jier ûnder de Nederlânske Berneboekewike útrikt troch de Stichting Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek (CPNB) foar de as bêste beoardiele berneboeken dy't yn it foarôfgeande jier publisearre binne.
Der binne anno 2018 fiif kategoryen dêr't de Sulveren Griffel yn útrikt wurdt:
- boeken foar bern oant 6 jier
- boeken foar bern fan 6 oant en mei 8 jier
- boeken foar bern fan 9 oant en mei 11 jier
- ynformative boeken foar bern
- poëzij foar bern
Faak wurdt de Sulveren Griffel yn ien kategory tagelyk takend oan twa auteurs, sadat der soms wol tsien yn ien jier útrikt wurde.
Wylst foar de Gouden Griffel inkeld oarspronklik Nederlânsktalich wurk yn oanmerking komt, kin de Sulveren Griffel ek útrikt wurde foar oersettings út oare talen. Njonken dizze beide prizen rikt de CPNB ek noch de Gouden Pinsiel en de Sulveren Pinsiel út foar de bêst yllustrearre berneboeken. Fierders bestiene fan 1997 oant 2011 de Gouden Tút en de Sulveren Tút foar de bêste boeken foar bern fan tolve jier ôf. Nei it ferdwinen fan dy priis waard de Gouden List yn it libben roppen foar it bêste jeugdboek foar bern yn 'e leeftyd fan tolve oant en mei fjirtjin jier.
Winners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar in folsleine list mei winners fan 'e Sulveren Griffels fan 1971 ôf, sjoch op dizze side, op 'e Nederlânske Wikipedy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |