Anathema (band)
Anathema | ||
band | ||
Anathema yn 2007 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1990 - 2020 | |
label(s) | Peaceville, Music For Nations, Kscope | |
âld-leden | Jamie Cavanagh bas (1990–1991) (2001–2018) Darren White sang (1990–1995) Duncan Patterson bas & toetsen (1991–1998) Shaun Steels drums (1997–1998) Dave Pybus bas (1998–2001) Les Smith toetsen (2000–2011) | |
leden | ||
Sang & Gitaar & Bas | Vincent Cavanagh | |
Gitaar | Daniel Cavanagh | |
Sang | Lee Douglas | |
Toetsen | Daniel Cardoso | |
Drums | John Douglas |
Anathema is in earder Ingelske doommetalband. Anathema waard yn 1990 oprjochte, en dy mei Paradise Lost en My Dying Bride diel útmakke fan de saneamde "Grutte trije" (Big Three) fan de death/doom-metal.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anathema begûn yn 1990 as in death/doom-metalband, yn earste ynstânsje ûnder de namme Pagan Angel. Yn novimber dat jier naam de band syn earste demo An Iliad of Woes op. De brûkte miks fan death en doom wie noch net earder fertoand. Anathema waard sjoen as ien fan de pioniers fan dit sjenre, tegearre mei My Dying Bride en Paradise Lost. Begjin 1991 naam de band syn hjoeddeiske namme oan. Har twadde demo, All Faith Is Lost, luts de oandacht fan ûnder oaren in platemaatskipij. Yn 1993 brocht de band syn debútalbum Serenades út. Yn maaie 1995 gie sjonger Darren White fuort. De rol fan sjonger waard fan no ôf troch gitarist Vincent Cavanagh ferfolle. Ein augustus 2019 makke Anathema bekend in nij kontrakt sletten te hawwen mei in platelabel, om yn 2020 har tolfde studioalakten út te bringen. Mar yn stee dêrfan kundige de band yn septimber 2020 in ûnderbrekking foar ûnbepaalde tiid oan.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Serenades | 15 febrewaris 1993 | Peaceville | |
The Silent Enigma | 17 augustus 1995 | ||
Eternity | 11 novimber 1996 | ||
Alternative 4 | 22 juny 1998 | ||
Judgement | 21 juny 1999 | Music For Nations | Deep, Make It Right |
A Fine Day to Exit | 9 oktober 2001 | Pressure | |
A Natural Disaster | 3 novimber 2003 | ||
We're Here Because We're Here | 31 maaie 2010 | Kscope | Dreaming Light, Everything |
Weather Systems | 16 april 2012 | Untouchable, Part 2 | |
Distant Satellites | 9 juny 2014 | ||
The Optimist | 9 juny 2017 |
Live-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Untouchable | 15 july 2013 | Kscope |
Universal | 23 septimber 2013 | |
A Sort of Homecoming | 6 novimber 2015 |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op |
---|---|
Resonance | 24 septimber 2001 |
Resonance 2 | 30 april 2002 |
Hindsight | 11 augustus 2008 |
Falling Deeper | 5 septimber 2011 |
Internal Landscapes 2008–2018 | 26 oktober 2018 |