Mâle Tiisdei
Mâle Tiisdei, ek Dolle Tiisdei (Nederlânsk: Dolle Dinsdag) is de oantsjutting foar tiisdei 5 septimber 1944.
Fanwege berjochten dat Nederlân alle dagen fan de Dútske besetting befrijd wurde koe, giene de minsken de dyk op en spilen him oeral emosjonele tafrelen ôf.
De Alliearden hiene nammentlik de dagen dêrfoar bot oanwûn. Snein 3 septimber wie Brussel befrijd en moandei 4 septimber wie Antwerpen op de Dútskers ferovere. Dat mei in dei as wat soene Rotterdam, Utert en Amsterdam ek wol befrijd wêze koene, ornearren in protte minsken.
Geroften waarden bot oanset en rillegau waard der grute fan de befrijing fan guon plakken yn Súd-Nederlân. In Britsk radioboadskip woe hawwe dat Breda yndie befrijd wêze soe. De oare deis giene in soad Nederlanners de dyk op om harren befrijders yn te heljen. Flaggen en oranje findels waarden foar it ljocht helle. Under Dútskers en NSB'ers ûntstie panyk; administraasje waard hastich ferneatige en in protte lju flechten. In protte NSB'ers flechten nei it easten fan it lân as bedarren foar in skoft op de Lüneburger Heide yn Dútslân. Anton Mussert ferhuze nei de Bellinckhof ûnder Almelo.
De Nederlânske befolking koe doe net witte dat de alliearde haadmacht noch yn Frankryk wie. De troepen dy't Antwerpen berikten hiene mar in smelle korridor yn België befrijd en dy foarhoede hie te krijen mei fiersten te lange oanfierlinen. De Nederlânske grins wie noch net iens berikt. Oan wjerskanten wie it gebiet noch beset en de foarútskode troepen soene wolris ôfsnien wurde kinne. Der wiene oanwizings dat de Dútskers harren fannijs groepearren. It alliearde heechste befel doar dêrom de trochstjit nei it noarden net oan; boppedat wie it foarnaamste doel, Antwerpen mei syn haven, al berikt.
Doe't ek Operaasje Market Garden ein septimber mislearre troch de Dútske oerwinning yn de slach om Arnhim, wie it dúdlik dat benammen Noard-Nederland noch in skoft op de befrijing wachtsje moast. West-Nederlân moast nei Mâle Tiisdei noch in Hûngerwinter trochstean, ear't it 5 maaie 1945 befrijd waard.
De term 'Dolle Dinsdag' waard it earst fûn yn De Gil, in sabeare fersetsblêd, mar feitlik in propagandakrantsje dat fan de besetter bekostige waard. Op 15 septimber hie it bledsje oer it barren op 5 septimber de kop: GENERALE REPETITIE - DURE LES VAN DOLLEN DINSDAG. De alliterearjende rigels waarden skreaun troch Willem van den Hout, dy't nei de oarloch ferneamd wurde soe as Willy van der Heide, de skriuwer fan jeugdboekerige Bob Evers.