Oerlis:Mâle Tiisdei
Appearance
Omneame
[boarne bewurkje]Foar it earste diel fan de namme "Mâle" Tiisdei lykje gjin gesachhawwende boarnen te wêzen. Foar "Dolle" Tiisdei wol, bygelyks hjir, hjir en hjir. Dêrom it foarstel om dizze side om te neamen yn "Dolle Tiisdei". Frou Watzema (oerlis) 10 mrt 2019, 10.09 (CET)
- Wat tinke de meidoggers, omneame of net? Drewes (oerlis) 12 mrt 2019, 18.15 (CET)
- Sjoch ek: Oerlis LemmerboatDrewes (oerlis) 12 mrt 2019, 18.18 (CET)
- As Frou Watzema graach de side omneame wol, dan haw ik dêr gjin ûnoerkomlike beswieren tsjin. Mar der moat my al even fan it hert dat it net sa is, sa't jo hjirboppe lykje te sizzen, Frou Watzema, dat der regels binne foar it oersetten nei it Frysk ta fan nammen foar histoaryske foarfallen. It kin bêst wêze dat 'Dolle Tiisdei' faker brûkt wurdt, mar 'Mâle Tiisdei' is as oersetting fan it Nederlânske Dolle Dinsdag like goed, tinkt my. Jo sizze dat 'dol' in geef Frysk wurd is -- dat haw ik sels net neisocht, mar dat sil dan wol sa wêze. My klinkt it as in hollanisme yn 'e earen en ik haw it by myn witten ek noch nea yn it Frysk brûken heard (útsein yn 'e fêste siswize "op 'e dolle rûs"). Ik haw dizze side sels net skreaun, mar as ik him wol skreaun hie, dan hie ik him earlik sein ek 'Mâle Tiisdei' neamd, poer om't dat foar my de meast logyske oersetting is. Mar it kin bêst wêze dat wêr't wy hjir yn 'e noardlike Greidhoeke it wurd 'mâl' foar brûke, men yn jo wenkrite 'dol' foar seit. It gebrûk fan oare Fryske synonimen as 'harke' en 'riuwe' is ommers ek al geografysk bepaald. Hoe dan ek, fiel jo frij om it om te neamen, mar ik soe wol graach wolle dat 'Mâle Tiisdei' yn 'e ynlieding even as synonym neamd wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 mrt 2019, 18.44 (CET)
- Ik bin it mei Ieneach iens Kneppelfreed (oerlis) 12 mrt 2019, 19.25 (CET)
- En: mei de dolle holle en mei de dolle dryste kop. Drewes (oerlis) 12 mrt 2019, 20.04 (CET)
- En noch slimmer. Ik ha noch nea ien oars as Dolle Dinsdag sizzen heard. Drewes (oerlis) 12 mrt 2019, 22.13 (CET)
- Yn it Frysk binne wy fansels altyd yn it neidiel mei skriftlike 'gesachhawwende boarnen' omdat der folle minder yn it Frysk publisearre is as bygelyks yn it Nederlânsk. En wat nammen binnen Fryslân oangiet kin men ek op de sprektaal weromfalle, dêr rêde wy ús as lêzers en skriuwers wol mei. Foar nammen bûten de provinsjegrinzen is it folle lestiger. 'k Soe ek net krekt witte hoefolle de minsken yn Fryslân destiids meikrigen ha fan dy dei. Wat de frije fertaling Mâle oangiet, dan soe elk der ek likegoed de synonime foarmen as Nuvere Tiisdei, Healwize Tiisdei, Betize Tiisdei, Rare Tiisdei, Brike Tiisdei of Frjemde Tiisdei of soksawat by sette kinne.. Mar dan is de ein foar wei. Better is dan om op de side dúdlik te meitsjen wêrom't is 'dol' is, dus fierderop yn de beskriuwing wurden as 'mâl' of 'nuver' op te nimmen tinkt my. Frou Watzema (oerlis) 13 mrt 2019, 16.58 (CET)
- Dat bin ik allegear net mei jo iens. Yn it foarste plak bin ik it net mei jo iens dat der 'gesachhawwende boarnen' nedich binne of dat dêrnei socht of sjoen wurde moat foar it oersetten fan nammen fan histoaryske foarfallen nei it Frysk. En fierders bin ik it ek net mei jo iens oer wat jo sizze oer 'mâl' en sa. 'Nuvere', 'healwize', 'betize', 'rare', 'brike' en 'frjemde' hat allegear in hiel oare betsjutting as 'mâle'. Dat liket der yn 'e fierste fierte net op. 'Mâle' is de letterlike oersetting fan it Hollânske dolle. Je sizze: 'in mâle hûn', en net 'in nuvere hûn', 'in healwize hûn', ensfh. It kin bêst wêze dat jo sa'n siik bist 'in dolle hûn' neame, dat wit ik net, mar dat soe dan in regionaal ferskil yn 'e Fryske sprektaal wêze, sa't ik hjirboppe al neamd haw. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mrt 2019, 17.19 (CET)