Springe nei ynhâld

Pius XI

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 nov 2021 om 07.57 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Ferstjerren: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Pius XI
   kristlik lieder
amt en titulatuer
amt paus fan Rome
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
foargonger Benediktus XV
opfolger Pius XII
wapen
wurkpaad
preesterwijing 20 desimber 1879 yn de Sint-Jan fan Lateranen
kardinaal 13 juny 1921 troch Benediktus XV
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Ambrogio Damiano Achille Ratti
bertedatum 31 maaie 1857
berteplak Desio
stjerdatum 10 febrewaris 1939
stjerplak Fatikaanstêd
etnisiteit Italjaansk

Paus Pius XI, berne as Ambrogio Damiano Achille Ratti yn Desio yn de Noard-Italjaanske provinsje Monza op 31 maaie 1857 en stoarn op 10 febrewaris 1939 yn Fatikaanstêd, wie fan 6 febrewaris 1922 oant syn ferstjerren de lieder fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Syn hiele pontifikaat lei tusken de Earste en de Twadde Wrâldkriich. It ein fan syn pontifikaat stie yn it ramt fan syn wjeraksel tsjin Hitler en Mussolini en de striid tsjin de ynbreuk op it katolike libben en ûnderwiis.

Mit brennender Sorge

Pius XI produsearre in soad ensykliken. De ensyklyk "Studiorum ducem" (29 juny 1923) waard oan it 600-jierrich jubileum fan de hillichferklearring fan Tomas fan Akwino wijd; dy syn wurk en tinken stiet ek hjoeddedei sintraal yn de katolike filosofy en teology. Hy publisearre yn 1931, fjirtich jier nei de earste sosjale ensyklyk "Rerum novarum" fan paus Leo XIII, "Quadragesimo anno" (Latyn foar Fjirtich jier letter"), in ensyklyk oer it ynklouske kapitalisme fan it ynternasjonale jild-wêzen en sosjale rjochtfeardigens. "Quas primas" (Latyn foar "Yn de earste") wie in op 11 desimber 1925 troch paus Pius XI útfeardige ensyklyk, wêrmei't er as réaksje op it anty-klerikalisme it heechfeest Kristus-Kening yntrodusearre.

Yn syn tiid hie de paus te meitsjen mei de opgong fan it kommunisme en it faksisme, dat er feroardiele. Yn de ensyklyk "Non Abbiamo Bisogno" (Italjaansk foar "Wy hawwe gjin ferlet", 18 juny 1931) joech er krityk op it Italjaanske faksistyske rezjym. Nei in rige fan diplomatike protesten joech er út soarch oer it rasisme en nasjonaalsosjalisme op 14 maart 1937 de ensyklyk "Mit brennender Sorge" út. Hast tagelyk folge "Divini Redemptoris" op 19 maart 1937 tsjin it yn Ruslân hearskjende kommunisme. Mei de ensyklyk "Nos es muy conocida" (Spaansk foar "It is ús tige bekend", 28 maart 1937) sette de paus it yn 'e kant tsjin de ferfolging fan de Tsjerke yn Meksiko.

Om de posysje fan de Roomsk-Katolike Tsjerke fuort te sterkjen sleat Pius XI in rekord tal konkordaten. De paus sleat yn 1933 it Reichskonkordat mei nazy-Dutslân. Mei dat Rykskonkordaat ûnthieten de nazy's de katolike tsjerke yn Dútslân mei rêst te litten. "Mit brennender Sorge", dêr't ek Dútske biskoppen oan skreaun hiene, waard nei alle biskoppen yn Dútslân stjoerd om de wurden te dielen mei de Dútske katolike befolking.

Pius XI makke ek in ein oan de sûnt 1870 fijannige sitewaasje tusken it Fatikaan en it Italjaanske regear. Under Pius XI waard yn 1929 it Lateraansk Ferdrach mei Itaalje sletten. Itaalje erkende de soereiniteit fan Fatikaanstêd mei de paus as haad fan de steat. In konkordaat regele de ferhâldings mei privileezjes tusken de Katolike Tsjerke en Itaalje en in finansjele paragraaf kompinsearre de Fatikaanske besittings dy't troch Itaalje yn 1870 yn beslach nommen wiene.

It slagge Pius XI lykwols net om in ein oan de ferfolging fan de Tsjerke en it fermoardzjen fan geastliken yn Meksiko, Spanje en de Sovjet-Uny te meitsjen.

It pontifikaat fan Pius XI Pius XI trune ek de foarming fan ynheemske geastliken yn missygebieten oan, faak tsjin it sin fan de Europeeske missy-oersten yn dy lannen. Syn noftere en praktyske bestjoerskrêft joech de Roomsk-Katolike Tsjerke foar de Twadde Wrâldkriich in mondiaal organisearre sintralisaasje, dy't noch lang nei syn pontifaat wurkjen bleau. Ek hie Pius XI in grutte ynteresse yn it befoarderjen fan de partisipaasje fan leken yn de Roomsk-Katolike Tsjerke, fral yn de Katolike Aksje, in beweging tsjin de sekularisaasje fan de maatskippij troch anty-klerikale oerheden.

Hillichferkearrings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paus Pius XI ferklearre in rige ferneamde hilligen Thomas More, Peter Canisius, Bernadette fan Lourdes en Don Bosko hillich. Pius XI hie in tige grutte bewûndering foar Thérèse de Lisieux en ferklearre har sillich en hillich. In oar ferneamd persoan dy't Pius XI hillich ferklearre wie de Dútske filosoof Albertus Magnus, dy't er krekt as Thérèse de Lisieux de status fan tsjerkelearaar joech.

Grêf fan Pius XI

Op 25 novimber 1938 waard paus Pius XI troffen troch twa hertoanfallen. Sûnt begjin febrewaris 1939 waard it hurd minder mei de paus. Op 7 febrewaris waard kardinaal Pacelli tynge dien dat it der op like dat it ein gaueftich tichterby kaam en op 10 febrewaris 1939 om 05:31 ferstoar de paus troch in nije hertoanfal yn it Apostoalysk Paleis. De paus waard yn de krypte fan de Sint-Piter yn Rome byset. Mussolini's réaksje op de dea fan Pius XI wie: "dy âlde koppige man is dea en dat soe tiid wurde".

By it útgraven fan de romte foar syn grêf waarden yn de 20e iuw twa ferdjippings bleatlein, dêr't ea minsken begroeven wiene. Njonken ferskate oare tombes waard ûnder de flier ek in grêf mei bonken fûn, dat oan Petrus tawiisd waard. De ûnderierdske grêffjilden kinne op oanfraach besichtige wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Pope Pius XI