Springe nei ynhâld

Ortschaft

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 nov 2021 om 07.42 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Dútslân: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Mei Ortschaft wurdt yn it Dútsktalige gebiet in wenplak oantsjut, mar hat yn Dútslân, Switserlân en Eastenryk ek beskate bestjoerlike betsjuttenissen. Dy ferskille it lân.

Yn bestjoerlike sin is in Ortschaft in eardere Dútske gemeente dy't, gauris by in gemeentlike weryndieling opheft waard. Ortschaften besteane sels gauris út beskate parten, sa as bygelyks Ortsteile (doarpen en buorskippen). Yn in soad gefallen hat in Ortschaft ek in (keazen} Ortsrat (of Ortschaftsrat) mei as foarsitter in Ortsvorsteher of Ortsbürgermeister, in soarte boargemaster dus.

It begryp Geschlossene Ortschaft komt foar it grutste part oerien mei it begryp beboude kom yn Nederlân, mei dêrmei de gearhingjende ferkearsregels.

It begryp Ortschaft komt yn de dielsteaten Baden-Wuertemberch, Nedersaksen, Noardryn-Westfalen, Saksen, Saksen-Anhalt en Tueringen foar. Yn Hessen en Rynlân-Palts hjit in Ortschaft in Ortsbezirk.

Yn Nedersaksen ûntstiene nei de gemeentlike weryndieling fan 1973 gruttere gemeenten. Ienheidsgemeenten kinne Ortschaften fêststelle, mar gearwurkjende gemeenten kinne dat net. In Ortschaft hat in Ortsvorsteher of in Ortsrat mei Ortsbürgermeister dy't net keazen wurdt. De regels binne fêststeld yn de Nedersaksyske Gemeentewet yn kêst 55e-i.

In Ortschaft bestiet nea út ien doarp of buorskip, om't dat gauris om in eardere gemeente giet.