Kanalpolder
Kanalpolder (Kanaalpolder) is in dykstreekdoarp en polder en is tagelyk ek in Ortsteil fan it Ortschaft Dollart yn de gemeente Bunde yn it Eastfryske Reiderlân. Yn it noarden heart in lyts part ta de gemeente Jemgum. Mei Kanalpolder waard yn 1877 de ynpolderings yn it Reiderlân foltôge.
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It langhalige gebiet fan Kanalpolder grinzget yn it westen oan de Doalert, en yn it easten oan Heinitzpolder. Troch syn dyk wurdt de polder foar oerstreamings beskerme. It gebiet ûntstie troch lânoanwinning en leit op fruchtber seeklaaigrûn. In kanaal troch de polder soarget foar it ûntwetterjen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Heinitzpolder waard yn 1795 bedike. De fjirdere lânoanwinnings fan it oanslike lân fan de Doalert gie stadichoan foarút. Yn 1874 waard úteinset mei it bedykjen en ynpolderjen fan in nije polder. By in stoarmfloed yn jannewaris 1877 kamen der lykwols 35 Italjaanske dykwurkers by om. It dykwurk waard yn 1877 dien makke en de Kanaalpolder grinzge fuortendaliks oan de Doalert. Mei tank oan de maatskiplik belutsen dûmny Arnold Wilhelm Nordbeck fan Landschaftspolder ûntstiene dêr yn 1922 lânwurkersdelsettings. It wengebiet fan de saneamde Aalande omfiemet goed 38 hektare en rint oant yn it gebiet fan Landschaftspolder en Heinitzpolder. Mei it nije oanwûne lân wie it bedykjen yn it Reiderlân foltôge.
Yn 1966 waard Kanaalpolder, dat in selsstannige gemeente wie, part fan de gearwurkjende gemeente Dollart.Yn 1973 ferlear Kanaalpolder folslein syn selsstannigens doe't Dollart in ienheidsgemeente waard en dy op syn bar part fan de gearwurkjende gemeente Bunde waard, dy't yn 2001 sels in ienheidsgemeente waard.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- webstee fan de gemeente Bunde
- Doarpsbeskriuwers fan it Ostfriesische Landschaft: Heinitzpolder (PDF; 218 kB)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Harm Wiemann u. a.: Aus vergangenen Tagen: Chronik der Samtgemeinde Bunde. Hrsg. Samtgemeinde Bunde. Selbstverlag, Bunde 1983.
- Johann Schulte: Verlaat – (K)eine Chronik der ehemaligen Gemeinde Dollart. Festschrift zur 250-Jahrfeier von Ditzumer-Verlaat. Artline, Bunde 2003.
Bunde | ||
---|---|---|
Haadplak: Bunde | ||
Doarpen: Boen • Bunderhee • Dollart • Wymeer | ||
· · |