Hobbit
- Dizze side giet oer it ras fan mytyske wêzens. Foar oare betsjuttings, sjoch: Hobbit (betsjuttingsside).
In hobbit is in soarte fan fiktyf, mytysk wêzen, dat betocht waard troch de ferneamde Britske fantasy-auteur J.R.R. Tolkien. Hobbits, dy't ek wol healmlingen neamd wurde, spylje in wichtige rol yn Tolkien syn berneboek The Hobbit (1937) en syn lettere Lord of the Rings-trilogy (1954-1955). Fierders wurde se ek sydlings neamd yn oare wurken fan Tolkien, lykas The Silmarillion en Unfinished Tales. Yn 'e moderne fantasyliteratuer en oanbesibbe saken lykas fideospultsjes en role-playing games komme hobbits gauris foar ûnder de oantsjutting healmlingen, om't de erven Tolkien de rjochten op 'e namme 'hobbit' hawwe.
Tolkien miende dat er it wurd 'hobbit' útfûn hie as in spekulative ôflieding fan 'e Aldingelske term holbytla ("hoalebouwer"), mar jierren nei syn ferstjerren kaam oan it ljocht dat it wurd al foàr Tolkien bestie, sij it mei in oare betsjutting. It konsept fan 'de hobbit' wie lykwols wol deeglik in eigen betinksel fan Tolkien, dat er foar in part gearstalde út eleminten út it berneboek The Marvellous Land of Snergs (1927), fan Edward Wyke Smith, en de roman Babbitt (1922) fan Sinclair Lewis.
Yn 'e prolooch fan The Lord of the Rings skreau Tolkien yn 'e seksje mei as titel Oer Hobbits, dat soksoarte wêzens tige op minsken lykje, mar dat se mar heal sa lang fan stal binne, trochinoar sa'n 1.07 m, mei fuotten dy't bûtenproporsjoneel grut binne. Hja klaaie har yn felle kleuren, benammen giel en grien, en geane bleatsfoets. Se binne skruten foar oare wêzens oer en ferskreppe har net. It measte hâlde se fan dingen dy't se al kenne en dêrom bejouwe se har mar komselden bûten fertroude fermiddens.
Lykwols binne se, as it nypt en wedernypt, by steat ta dieden fan grutte moed. Se hawwe skerpe earen en binne wetterfluch, sadat se in minske fan fierrens oankommen hearre kinne en al lang in sideplak opsocht hawwe as sa'n minske foarby komt. Neffens Tolkien is dat de reden dat se nea sjoen wurde. In oare eigenskip fan hobbits is harren skerpe gesichtsfermogen, dat makket dat se mei treflike akkuratens in stien of klute smite kinne. Hobbits libje yn wenten dy't yn heuvelskeanten yn 'e grûn útgroeven binne (saneamde 'smiellen') en hawwen in trochsneed libbensferwachting fan hûndert jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side. |