W.L. Brugsma
Willem Leonard (Boebie) Brugsma (Aerdenhout, 18 july 1922 – Bilthoven, 4 septimber 1997) wie in Nederlânsk sjoernalist. As sjoernalist brûkte er meast de namme W.L. Brugsma.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de Twadde Wrâldoarloch siet Brugsma yn it ferset. Hy oerlibbe in tal konsintraasjekampen, Neuengamme, Natzweiler-Struthof en Dachau. Nei de kapitulaasje fan Dútslân regelen in tal oare Nederlânske finzenen, dêr't Carel Steensma en Hans Teengs Gerritsen ûnder wiene, in autobus en setten ôf nei Nederlân. De bus waard ynearsten by Vaals opkeard mei't de lju gjin jildige papieren hiene.
Yn 1946 sette er út ein as sjoernalist by de Haarlemsche Courant en yn 1954 gie er oan 'e gong by de Grote Provinciale Dagbladen (GPD). Yn 1965 waard er adjunkt-haadredakteur by de Haagsche Courant en in jier letter waard er haadredakteur fan it wykblêd Haagsche Post, wat er oant 1975 bliuwe soe. Dêrnei stapte er oer nei de telefyzje, wêrmei't lanlik bekend waard as "W.L. Brugsma" en presintator en kommintator fan de aktualiteiterubryk Achter het Nieuws fan de VARA. Yn 1978 en 1979 wie er de sintrale presintator fan VARA-Visie. Fan 1983 oant 1986 presintearre er it diskusjeprograma Het Capitool (NOS) út 's-Graveland wie.
Yn 1991 hie Brugsma foar de telefyzje in ynterview mei keningin Beatrix en prins Claus by gelegenheid fan har' 25-jierrich houliksjubileum.
Brugsma stoar yn de âldens fan 75 jier en kaam te hôf op 'Den en Rust' yn Bilthoven. Prins Claus wie by de beïerdiging.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
- Europa, Europa (1983)
- Lotgenoten: Europese verhalen (1987)
- Vrede is het alleen in de pauze (1993).
- De memoires dy't Brugsma tusken augustus 1996 en augustus 1997 publisearre yn HP/De Tijd waarden, mei in foarwurd fan Hans van Mierlo, bondele ûnder de titel Beroep: journalist. It boek ferskynde yn 1997 as Krystgeskink foar de lêzers fan HP/De Tijd.
- Yn 1950 publisearre Brugsma ûnder de skûlnamme 'Willem Leonard' in autosportboek oer de yndertiid ferneamde rallyrider en autokûreur Maus Gatsonides, mei de titel Rallyes en Races: Gatsonides' avonturen.
Priis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1995 ûntfong Brugsma de Dr. J.P. van Praag-priis fan it Humanistysk Ferbûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|