Katedraal fan Exeter
Katedraal fan Exeter
Cathedral Church of Saint Peter in Exeter | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
greefskip | Devon | |
plak | Exeter | |
adres | 1 The Cloisters, Exeter EX1 1HS | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1112-1400 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | Grade I listed building | |
offisjele webside | ||
Side katedraal |
De Katedraal fan Exeter (Exeter Cathedral, formeel: de Katedrale Tsjerke fan Sint-Petrus yn Exeter; Cathedral Church of Saint Peter in Exeter)), is in Anglikaanske katedraal en de biskopstsjerke fan it bisdom Exeter, yn de stêd Exeter, Devon, yn de Ingelske regio South West England. It hjoeddeiske gebou waard om 1400 hinne foltôge. It besjen wurdich binne û.o. in astronomyske klok, in tal iere misericordes en it langste net ûnderbrutsen stiennen ferwulft fan Ingelân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stifting fan in oan Petrus wijde katedraal yn Exeter giet werom op 1050, doe't de sit fan de biskop fan Devon en Cornwall foar de feiligens ferhûze út Crediton. Yn de stêd stie al in oan Marije en Petrus wijde Saksyske minster, dy't troch Leofric as katedraal brûkt waard, maar de missen waard fakentiden bûtendoor holden flakby it plak fan de hjoeddeiske katedraal.
Nei de Normandyske oermastering fan it eilân waard fanôf 1133 in nije katedraal boud. Mei it yn 1258 beneamen fan Walter Bronescombe as biskop waard de katedraal al as âlderwetsk beskôge en útein set mei de weropbou fan de katedraal yn de Decorated Gothic style neffens it foarbyld fan Salisbury, wêrby't in part fan it Normandyske bouwurk yntakt bleau, lykas de twa massive tuorren en dielen fan de muorren. De katedraal waard boud mei stien en Purbeck-moarmer út de omkriten. De nije katedraal kaam ree yn likernôch 1400. It kapittelhûs en guon kapellen binne lykwols letter tafoege.
Lykas by de measte Ingelske katedralen, hie Exeter ek te lijen doe't Hindrik VIII de abdijen opheffe liet, mar net sa's soad as Exeter ek in kleasterstifting west hie. Mear fernielings fûnen plak yn de Ingelske Boargerkriich, doe't de kleastergong ôfbrutsen waard. Dêrnei folge ûnder Karel II in restauraasje en de bou fan in nij oargel troch John Loosemore. Karel's suster Henrietta Anne fan Ingelân waard yn 1644 yn de katedraal doopt.
De arsjitekt George Gilbert Scott liet yn de Fiktoriaanske tiid dielen fan de katedraal op 'e nij ynrjochtsje.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie Exeter ien fan de doelen fan de Dútske bombardeminten op Ingelske stêden fan kultureel en histoarysk belang, in kampanje dy't bekend stie ûnder de namme Baedeker Blitz. Moarnsier op 4 maaie 1942 fûn in oanfal op de stêd plak en de katedraal waard rekke troch in bom, dy't de Jakobuskapel folslein ferneatige. Mei de kapel waarden ek trije traveeën en twa loftbôgen weislein en it midsiuwske houten hek foar de kapel ferneatige.
Aldergelokst wiene earder al foar de feiligens de meast belangrike keunstwurken út de katedraal ferwidere. Dêrûnder foelen de âlde beglêzing (ynklusyf it grutte eastlike raam), de misericordes, de troan fan de biskop, it Boek fan Exeter, âlde hânfesten en oare dokuminten fan de bibleteek. It skitterende monumint foar Walter Branscombe waard beskerme troch sânsekken. It wurk dat folge en it omromjen fan it gebiet by it westlike ein fan it gebou lei dielen bleat fan âldere gebouwen, ynklusyf oerbliuwsels fan de Romeinske stêd en fan de Normandyske katedraal.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Misericordes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fyftich misericordes stamme út twa perioades: 1220-1230 en 1250-1260. It is de âldste samling fan misericordes fan it Feriene Keninkryk. Ien fan de misericordes is ek de âldst bekende foarstelling fan in oaljefant yn it Feriene Keninkryk.
Minstrelegalerij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De minstrelegalerij yn it skip datearret fan 1360 en is unyk yn Ingelske katedralen. Te sjen binne tolve beskildere bylden fan ingels dy't midsiuwske ynstruminten bespylje.
Astronomyske klok
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De klok heart ta de ferneamde groep fan astronomyske klokken fan de 14e oant 16e iuw dy't yn West-Ingelân oantroffen wurde. It ûnderste siferblêd is it âldste diel fan de klok en stamt nei alle gedachten út 1480. De wizer mei in fleur de lys toant de tiid op in siferblêd fan fjouwerentweintich oeren en de posysje fan de sinne yn de himel oan. In sulveren kûgel yn it midden fan it siferblêd toant de stân fan de moanne oan.
It boppeste siferblêd waard yn de jierren 1760 tafoege en jout de minuten oan.
Under de oerenwizer stiet de yn dy tiid populêre latynske spreuk Pereunt et Imputantur (se ferdwine en wurde op ús rekken skreaun), in ferwizing nei de wize hoe't wy ús tiid trochbringe, ferstannich of net. It oarspronklike mechanisme waard in soad feroare, reparearre en ferwaarloazge, oant it yn it begjin fan de 20e iuw ferfongen waard. Tsjintwurdich is it âlde mechanisme ûnder de klok op de flier te sjen. De doar ûnder de klok hat ûnder in rûn gat, dat yn it begjin fan de 17e iuw makke is om de kat fan de biskop tagong te jaan om sa oerlêst fan ûngedierte tefoarren te kommen, dat troch it dierlike fet om it mechanisme mei te smarren oanlutsen waard.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel stiet op in midsiuwsk doksaal, dat it koer fan it skip skiedt. It earste oargel waard yn 1665 troch John Loosemore boud, dat troch Henry Willis op 'e nij boud en fergrutte waard. Yn 1931 fûn troch Harrison & Harrison op 'e nij in grutte ferbouwing oan it ynstrumint plak. It oargel besit 59 registers op fjouwer manualen en pedaal. Tusken jannewaris 2013 en oktober 2014 waard it oargel troch Harrison & Harrison renovearre. Yn de alterromte stiet ek noch in lyts ienmanualich ynstrumint mei pedaalregister, dat fanút it haadoargel oanspile wurde kin.
Bibleteek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bibleteek is ûnderbrocht yn it biskoplike paleis. Dêr wurde tûzenen boeken en dokuminten bewarre, dy't út de 10e oant de moderne tiid stamme. DE bibleteek bestiiet út âlde manuskripten, ier printe boeken en letter wurk oer bygelyks skiednis, teology, medisinen en wittenskip.
Al ûnder it episkopaat fan Leofric (1050–1072) waard begûn mei it opsetten fan in bibleteek. Foar dat doel joech de biskop sels 66 boeken, dêr't ien fan yn de bibleteek bewarre bleau. Dat is it ferneamde Exeter Book, in samling manuskripten dat gearstald waard yn de 10e iuw. Sechtjin oare wurken wurde bewarre yn oare bibleteken fan it lân. Mooglik foelen ek it 10e-iuwske manuskript fan Rabanus Maurus's De Computo en Isidoarus fan Sevilla's De Natura Rerum ûnder Leofric's bibleteek, mar dy wurken waarden pas foar it earst yn in ynventaris fan 1327 fermeld. Likernôch tagelyk mei it opsetten fan in bibleteek waard ek begûn mei de opbou fan de argiven.
Yn 1412–1413 waard in nij lectrinum útrêst foar de restauraasje fan boeken. Guon boeken waarden doe ek fan kettings foarsjoen. Neffens in katalogus fan de bibleteek út 1506, dus sa'n njoggentich jier nei de lêste ynrjochting, besiet de bibleteek sa'n 530 titels.
Yn de rin fan de tiid ferdwûnen wurken fan de bibleteek nei Canterbury en Oxford. Yn 1657 yn de tiid fan de Commonwealth waarden ferskate gebouwen fan de katedraal plondere wêrûnder ek de lêsseal fan 1412-1413. Guon boeken gyngen ferlern, mar in grut part bleau bewarre troch't dr. Robert Vilvaine op 'e tiid in diel yn it St John's Hospital oerbrocht. Letter joech er jild om de Marijekapel as bibleteek yn te rjochtsen en waarden de boeken werombrocht. Yn 1820 ferhûze de bibleteek nei it kapittelhûs. Om't der yn de 19e iuw in pear grutte kolleksjes oan de bibleteek tafoege waarden, dy't de besteande bibleteek mear as ferdûbele, wie in grutter, nij gebou nedich. John Loughborough Pearson wie de arsjitekt fan it nije gebou op it plak fan de eardere kleastergong. Yn de 20e iuw waard it grutste diel fan de bibleteek oerbrocht nei romten yn it biskoplik paleis, wylst de rest yn de bibleteek fan Pearson bleau.
Tsjintwurdich is der in goede kolleksje fan iere medyske boeken. In diel dêrfan kaam yn 1948 fan de Exeter Medical Library (stifte yn 1814) en (yn brûklie) fan it Royal Devon and Exeter Hospital (1.300 wurken, 1965). It meast fersierde manuskript yn de bibleteek is in psalmboek, mooglik skreaun foar de Church of St Helen fan Worcester yn de iere 13e iuw. It earste printe boek yn de bibleteek wurdt fertsjintwurdige troch ien side fan Cicero's De officiis (Mainz: Fust-Schoeffer, 1465–66).
Leginde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in 19e-iuwske auteur soe der yn in 11e-iuwsk missaal stien hawwe dat kening Atelstan gesanten nei it kontinint stjoerd hie om tsjin ûnbidich hege kosten in grutte kolleksje reliken yn te sammeljen. Dy reliken liet er nei de katedraal fan Exeter bringe en ûnder dy reliken soe in stikje fan de baarnende strûk west ha, wêryn't God tsjin Moazes spriek en in stikje fan de kears wêrmei't de ingel it grêf fan de Heare ferljochte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Exeter Cathedral
|