Augustinus
Augustinus, (folút: Aurelius Augustinus), ek wol Augustinus fan Hippo neamd, (13 novimber 354 - 28 augustus 430) wie in grut teolooch út de 5e iuw. Hy hat mei syn opfettings oer God, de minsk en de genede syn stimpel op wrâldskiednis drukt en wurdt beskôge as ien fan de Tsjerkfâden. Nei syn dea waard er hillich ferklearre.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Augustinus kaam op 'e wrâld en stoar yn Thagaste (Souk-Ahras), yn de doetiidske Romeinske provinsje Afrika tsjintwurdich noardeast Algerije en noard-Tuneezje. Noard-Afrika yn de 3e en 4e iuw, wie mei Turkije, Syprus, Kreta en Egypte, ien fan de gebieten dêr't it kristendom it sterkst woartele wie. Hy waard berne as soan fan in heidenske (net-kristlike) heit en in fromme kristlike mem. Syn âlden hienen it net breed mar joegen him wol in goede oplieding. Hy koe studearje en waard yn 375 yn de âldens fan 21 jier learaar yn de retoarika yn de stêd Kartago. Hie wie nei alle gedachten fan Berbersk komôf, mar hy en syn famylje sprieken Latyn.
Yn syn jonge jierren wie hy in fûle oanhinger fan it Manicheïsme, in gnostyske streaming yn it kristendom. Ta fertriet fan syn mem Monika libbe hy as jongkeardel earst in ûnbannich libben. Nei't er kennis makke hie mei it wurk fan de Romeinske filosoof Sisero nimt er it beslút filosofy te studearjen en op syk nei wierheid te gean, benammen oer it suvere Godsbegrip yn relaasje ta de oersprong fan it kwea. Nei alle gedachten ferfear er yn 383 nei Itaalje en krige dêr in funksje oan it keizerlik hof yn Milaan. Dêr liet er him, ûnder ynfloed fan de biskop fan Milaan Ambrosius, ek bekeare ta it kristendom. Hy gong werom nei Afrika en waard dêr preester yn Hippo Regius, dat hjoed-de-dei Annaba yn Algerije is. Yn 395 waard hy nei de dea fan de biskop fan Hippo ta syn opfolger keazen. Dy funksje soe hy oant syn dea yn 430 ferfolje. By de belegering fan Hippo troch de Fandalen ferstoar er.
Teology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Augustinus hat mei syn tinken in geweldige ynfloed hân op sawol it kristendom as op it westerske tinken. Hy wie sels beynfloede troch Plato en it neo-platonisme. Al syn wurken wurde skaaimerke troch in stribjen nei oprjochtheid, earlikheid, autintisiteit en wrachtichheid, wêrby't it eigen hanneljen yn oerien te bringen mei wat men leaut foar him like wichtich is.
It tinken van Augustinus fynt foaral syn grûn yn it kristlik leauwen. Yn syn wurken giet hy yn op de wichtichste learstellings fan it kristendom. Syn filosofy spilet dêrby in eigen rôl. Neffens Augustinus hat de minske fan God syn tinkfermogen krigen en helpt him dat by syn syktocht nei God. Derby moat er wol leauwe dat God him derby stjoert, omdat in minske op him sels net fertrouwe kin. Sûnder God rekket in minske op it ferkearde paad. Augustinus sjocht de minsklike wil ek foaral as de feroarsaker fan it kwea yn de wrâld. Mei syn filosofy wol er benammen de reedlikheid fan it leauwen oantoane.
It tinken fan Augustinus oer de minske en syn wil hat fan grutte ynfloed west op de midsiuwske teologen lykas Anselmus en Tomas fan Akwino. Lettere filosofen as Immanuel Kant, Arthur Schopenhauer en Friedrich Nietzsche hawwe dat ûnderwerp fierder útwurke yn harren etyk.
Jehannes Kalvyn en Kornelius Jansen, binne ek hiel bot beynfloede troch it wurk fan Augustinus. De 16e-iuwske reformaasje, yn gong setten troch Maarten Luther, sels augustyn, Kalvyn en Huldrych Zwingli waard foarme op grûn fan Augustinus syn tinken. Mei harren lear oer sonde en genede gripe sy tebek op it wurk fan Augustinus.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Augustinus hat yn syn libben in soad skreaun op ferskate gebieten - lykas teologyske ferhannelings, kommentaren op skriften en autobiografyske wurken. Syn Bekentenissen wurdt sjoen as syn earste autobiografy: yn it boek skriuwt er oer it tiidrek fan syn berte oant syn doetiidske leeftyd (likernôch 50), syn relaasje mei God komt oan bod en it einiget mei in wiidweidige beskôging fan it bibelboek Genesis dêr't hy útleit hoe't de tekst ynterpretearre wurde moat.
Skriften
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Confessiones (Belidenissen)
- De civitate Dei (Oer de stêd fan God)
- Rigel foar de mienskip
- De magistro (Oer de Master)
- De agone christiano (De striid fan in kristen)
- De Trinitate (Oer de Trije-ienheid) – fiifdielich haadwurk
- De doctrina christiana (Oer de Kristlike lear)
- Psalmus contra partem Donati, (Psalm tsjin de Donatisten)
- De beata vita (Oer it lokkige libben),
- De Spiritu et littera (De Geast en de letter)
- Sermones ad populum (Preken foar it folk)
Sitaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In bekend sitaat út syn ferneamde wurk De Civitate Dei (IV, 4) is: "Remota iustitia quid sunt regna nisi magna latrocinia?" (Latyn foar: Ofsjoen fan harren jurisdiksje, wat binne regearings oars dan grutte rovebendes?).
In oar bekend sitaat giet: "Foar God is neat fierôf of langduorjend. Wolsto, dat foar dysels ek dat neat fierôf of langduorjend is, foech dy dan by God, want dêr binne tûzen jierren as de dei fan hjoed".
Ek ferneamd is it sitaat yn de Belidenissen: "Jo hawwe ús skipen nei Jo ta, en rêstleas is ús hert oant it rêst fynt yn Jo." (Belidenissen, 1, I,1)
Augustinus en de joaden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Augustinus hat him yn syn boek De Stêd fan God, tige negatyf útlitten oer de joaden. Neffens him wienen sy fijannen fan God. Dy wurden binne letter brûkt troch kristenen om de joaden te ferfolgjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
|
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webside fan it Augustijnske Instituut yn Eindhoven, mei in protte ynformaasje oer Augustinus
- On Christian Doctrine, Confessions en City of God (Ingelsk)
- Oare skriften dy't frij te lezen binne (Ingelsk)
- St. Augustine: Between Two Worlds (Ingelsk)
- Augustine en 'oare katoliken' (Ingelsk)
- Amerikaanske webside fan Augustinus-kenner prof. dr. James O'Donnell (Ingelsk)
- Augustinus.de, Dútske webside mei grutte databank (Dútsk)