Springe nei ynhâld

Nieberter Mole

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 nov 2020 om 07.58 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Nieberter Mole
Mole mei omkriten

De Nieberter Mole is in seiskante nôtmûne yn Niebert yn it westen fan Grinslân.

Yn 1899 waard de Nieberter Mole boud mei ûnderdielen fan in seachmole út Zandeweer. Nei restauraasjes yn 1965 en 1973 is de mole regelmjittich yn it wurk. De frijwillich mûnder mealt in pear kear wyks foar inkelde bakkers en partikulieren út de omkriten. De mûne is de iennichste seiskante yn Grinslân en is troch de hege ûnderbou in opfallend punt yn it lânskip en goed te sjen fan de A7 ôf. De mole wie oant 2011 eigendom fan de gemeente Mearum, mar is no fan it Grinslânske Gea (Groninger Landschap).