Nieberter Mole
Appearance
De Nieberter Mole is in seiskante nôtmûne yn Niebert yn it westen fan Grinslân.
Yn 1899 waard de Nieberter Mole boud mei ûnderdielen fan in seachmole út Zandeweer. Nei restauraasjes yn 1965 en 1973 is de mole regelmjittich yn it wurk. De frijwillich mûnder mealt in pear kear wyks foar inkelde bakkers en partikulieren út de omkriten. De mûne is de iennichste seiskante yn Grinslân en is troch de hege ûnderbou in opfallend punt yn it lânskip en goed te sjen fan de A7 ôf. De mole wie oant 2011 eigendom fan de gemeente Mearum, mar is no fan it Grinslânske Gea (Groninger Landschap).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nieberter molen fan Wikimedia Commons. |