Stedsgrêft (Ljouwert)
De stedsgrêft fan Ljouwert is de âlde begrinzing fan de stêd Ljouwert. Ear't de trije parten fan Ljouwert yn 1435 gearfoege waarden ta ien stêd, hie Nijehou al stêdsgrêften. De nije stêd lei ek in nije stêdgrêft oan, foar ferdigening, mei in nije wâl. Op de kaart fan Jabik fan Dimter fan 1580 leit de stêd al binnen de grêft sa't dy no is. Doe't de wâl oerstallich waard is dy foar it meastepart wer ôfgroeven. Parten binne oerbleaun as plantsoen. Der hawwe altiten delsettings bûten de stêd lein, mar yn de 19e ieu waard de stêd sels útwreide bûten de stêdsgrêft. Sûnt is de stêd safolle grutter wurden dat de stedsgrêft no mar om in lyts part fan de stêd hinne rint.
De grêft wurdt opdield nei de kant fan de stêd:
Binnen de stêdsgrêft is in tal fan de grêften dimpt, mar der binne der ek noch in stikmannich oer. Fan bûten slute noch trije wetters oan op de stêdsgrêft: De Dokkumer Ie, it Nije Kanaal, de Harnzer Feart. De fjirde ferbining, It Flyt, is yn 1966 dimpt.