Springe nei ynhâld

Noarder Stedsgrêft

Ut Wikipedy

De Noarder Stedsgrêft (Ljouwertersk en offisjeel: Noorder Stadsgracht) is in grêft yn de gemeente Ljouwert. De grêft is it noardlike part fan de Ljouwerter stedsgrêft.

Doe't mei yngong fan 15 maart 2007 in protte offisjele wetternammen yn Fryslân feroaren, is de offisjele namme Noorder Stadsgracht itselde bleaun, hoewol't de oarspronklike foarm Nederlânsktalich wie en de nije foarm Ljouwertersk. Dat, hoewol't de skriuwwize itselde bleaun is, is de offisjele útspraak wol feroare.