Springe nei ynhâld

Toanielselskip

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 okt 2020 om 14.52 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Nederlân: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In toanielselskip, teäterselskip, toanielgroep of teätergroep is in organisaasje dy't him dwaande hâldt mei it beropsmjittich repetearjen en opfieren fan toanielstikken en/of teäterfoarstellings. Sa'n selskip moat net betize wurde mei in amateurtoanielferiening, dy't folslein op frijwilligers draait. In toanielselskip bestiet ornaris út in groep artistike meiwurkers, wêrûnder de akteurs, regisseurs, teäterfoarmjouwers, ljochtûntwerpers en dramaturgen, en in stikmannich produksjemeiwurkers, dy't dingen as boekings, budget, marketing en subsydzje-oanfragen bewurkmasterje. Yn 'e regel omfettet in toanielselskip in fêste kearn fan akteurs en in regisseur dy't ek de artistyk lieder is. Sa'nent bepaalt dan it rippertwaar fan it selskip. Dêrnjonken kin in toanielselskip, meastal per produksje (rige foarstellings), in gastregisseur en/of ien of mear gastakteurs oannimme.

Yn Nederlân binne inkele tsientallen profesjonele toanielselskippen aktyf, wêrfan't de measten op 'e iene of oare manear subsydzje krije om finansjeel oerlibje te kinnen. Njoggen dêrfan krije struktureel fjouwerjierrige subsydzje fan 'e Ryksoerheid, en foarmje dêrmei de saneamde Basisynfrastruktuer. Dêrûnder binne de fjouwer grutte selskippen:

Dêrnjonken hearre ta de Basisynfrastruktuer fjouwer middelgrutte toanielselskippen:

De lêste fan 'e njoggen toanielselskippen fan 'e Basisynfrastruktuer is it Frysktalige Tryater.

Njonken de rykssubsidiëarre selskippen binne der ek groepen dy't subsydzje krije fan it Fûns Poadiumkeunsten of fan provinsjes, gemeenten of oare fûnsen. Foarbylden fan dat soarte toanielselskippen binne Toneelgroep De Appel, Orkater, Dood Paard en De Warme Winkel. De measte toanielsselskippen yn Nederlân hawwe wetlik de foarm fan in stifting.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: