Springe nei ynhâld

Malaysia Airlines

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 okt 2020 om 14.51 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Malaysia Airlines
Logo
IATA

MH

ICAO

MAS

Ropteken

MALAYSIAN

In Boeing 737-800 fan Malaysia Airlines.
In Boeing 737-800 fan Malaysia Airlines.
Algemien
Oprjochte 1 oktober 1972
Haadkertier Kuala Lumpur (Maleizje)
Hub(s) Ynt. Lofth. Kuala Lumpur
Ynt. Lofth. Kota Kinabalu
Ynt. Lofth. Kuching
Floatgrutte 100
Bestimmings 60
Loyalensprogram Enrich
Alliânsje(s) Oneworld
Finansjeel
Omset RM 15,1 miljard (2013)
Winst RM –1,1 miljard (2013)
Wurknimmers 20.000 (2014)
Offisjele webside
www.malaysiaairlines.com

Malaysia Airlines (MAS; Maleisk: Sistem Penerbangan Malaysia) is in grutte Maleizyske loftfeartmaatskippij dy't operearret fanôf de ynternasjonale lofthaven fan Kuala Lumpur, mei sekundêre fêstigings op 'e ynternasjonale lofthavens fan Kota Kinabalu (yn Sabah) en Kuching (yn Sarawak), beide op it eilân Borneo. Malaysia Airlines is de nasjonale loftfeartmaatskippij fan Maleizje en in lid fan 'e Oneworld-loftfeartalliânsje.

Yn 2014 kaam Malaysia Airlines ferskate kearen negatyf yn it nijs. Op 8 maart fan dat jier feroare nammentlik Malaysia Airlines-flecht 370 (MH370), mei oan board 239 minsken, op in lineflecht fan Kuala Lumpur nei de Sineeske haadstêd Peking ûnder noch altyd net opheldere omstannichheden koart nei it opstiigjen fan koerts, fleach oerenlang de ferkearde rjochting út en ferdwûn úteinlik boppe de Yndyske Oseaan, dêr't it tastel mei oan wissichheid grinzgjende wierskynlikheid yn see stoarte. Dêrnei waard op 17 july Malaysia Airlines-flecht 17 (MH17), ûnderweis fan Amsterdam nei Kuala Lumpur, boppe oarlochsgebiet yn 'e eastlike Oekraïne foar in militêr transportfleantúch oansjoen en troch pro-Russyske rebellen delsketten, wêrby't alle 298 ynsittenden om it libben kamen.

Hoewol't Malaysia Airlines foàr 2014 te boek stie as ien fan 'e feilichste loftfeartmaatskippijen fan 'e wrâld, kaam it bedriuw troch dizze twa swiere ferliezen efterinoar op in minne namme te lizzen, en fan gefolgen boazen de al besteande finansjele swierrichheden oan. Dêrom makke it Maleizyske regear, dat fia it fûns Khazanah National foar 69,4% eigner fan 'e nasjonale loftfeartmaatskippij wie, yn augustus 2014 bekend dat it fan doel wie en keapje alle lytsere oandielhâlders út. Mei dizze renasjonalisaasje moast Malaysia Airlines beskerme wurde tsjin in bankrot.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.