Springe nei ynhâld

Heptalogy

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 okt 2020 om 11.38 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In heptalogy (net te betiizjen mei hepatology, in tûke fan 'e genêskunde), is in searje fan sân wurken op it mêd fan 'e skiene keunsten, dy't mei-inoar ferbûn binne en sjoen wurde kinne as ien inkeld lang wurk of as sân losse mar nau besibbe wurken. It wurd komt fan it Grykske ἑπτα-, hepta- ("sân"), en -λογία, -logia ("ferhanneling" of "betooch"). Heptalogyen komme benammen foar yn 'e literatuer, as romansearjes fan sân boeken. Analooch oan in heptalogy wurdt in searje fan twa wurken wol in duology neamd, ien fan trije wurken in trilogy, ien fan fjouwer wurken in tetralogy, ien fan fiif wurken in pentalogy en ien fan seis wurken in heksalogy.

In foarbyld fan in heptalogy út 'e moderne literatuer is de Familias Regnant-rige fan Elizabeth Moon, besteande út 'e romans: Hunting Party, Sporting Chance, Winning Colors, Once a Hero, Rules of Engagement, Change of Command en Against the Odds. In oar foarbyld is de Harry Potter-rige fan J.K. Rowling, besteande út: Harry Potter and the Philosopher's Stone, Harry Potter and the Chamber of Secrets, Harry Potter and the Prisoner of Azkaban, Harry Potter and the Goblet of Fire, Harry Potter and the Order of the Phoenix, Harry Potter and the Half-Blood Prince en Harry Potter and the Deathly Hallows.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.