Ichtustsjerke (Snits)
Appearance
Ichtustsjerke | ||
bouwurk | ||
De tsjerke yn 2007 foar de ferbouwing | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
adres | Jan fan Nassaustrjitte 49 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Earder tsjerkegebou | |
boujier | 1959 | |
arsjitekt | J.J.M. Vegter |
De Ichtustsjerke is in modernistysk tsjerkegebou yn de wyk Sperkhim fan de stêd Snits.
It tsjerkegebou is boud yn 1959 nei ûntwerp fan arsjitekt J.J.M. Vegter en is in saneamde sealtsjerke. De Herfoarme Tsjerke (no PKN) makke gebrûk fan it gebou. It gebou is sûnt 2006 in gemeentlik monumint.
Yn de tsjerke stie in oargel, mar dat is yn 2007 oerpleatst nei de Noardertsjerke. Yn dat jier is de tsjerke ek sluten.
De tsjerke ferlear yn de winter fan 2011-2012 de rest fan it meubilêr en yn 2013 waard útein set mei de ferbouwing fan de tsjerke foar de nije bestimming as Thomashûs. Sûnt de oplevering is de eardere tsjerke in lytsskalige wenfoarm foar minsken mei in ferstannelike beheining.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|