Wide Ie (Burgum)
Appearance
De Wide Ie is in mar yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De mar is ûnderdiel fan it Prinses Margrietkanaal en leit east fan Burgum. It ferbynt it Wide Hop mei de Kromme Ie besuden Burgum.
De namme Wide Ie jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wijde Ee.