Springe nei ynhâld

Bedriuw

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 okt 2020 om 11.41 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In bedriuw is in organisaasje fan arbeid en kapitaal. As it rjochte is op it meitsjen fan winst, wurdt in bedriuw yn 'e regel in ûndernimming neamd. As in bedriuw taastbere produkten makket, sprekt men ek wol fan in fabrikant of in produsint. By de bedriuwsfiering (it runnen fan in bedriuw) binne ferskate persoanen belutsen. Dêrfan spylje de eigner, de ûndernimmer, de leveransier, de klanten en de konkurrinten by elts bedriuw in rol. Faak is by lytsere bedriuwen de eigner en de ûndernimmer deselde persoan. Gruttere bedriuwen hawwe ek wurknimmers, en op noch gruttere skaal komme dêr faak oandielhâlders by.

Der kin ûnderskie makke wurde tusken kommersjele en net-kommersjele bedriuwen, dy't ek wol profit-, resp. non-profitorganisaasjes neamd wurde. By kommersjele bedriuwen is der sprake fan in ûndernimming, wêrby't risiko's nommen wurde by it stribjen nei in nivo fan winst dat nedich is om it fuortbestean fan it oangeande bedriuw te garandearjen. Om 'e klanten op in sa effisjint mooglike wize te berikken en oan te sprekken, wurdt dêrby sekuer tocht om 'e saneamde 'fjouwer P's': priis, plak, produkt en promoasje. Tsjintwurdich sprekt men trouwens ek wol fan 'e 'trije P's': people ("minsken"), planet ("de planeet") en profit ("winst"). Dêrby wurdt dan yn it ramt fan duorsum ûndernimmen ek rekken holden mei de mearwearde en/of kosten fan in produkt foar minske, maatskippij en miljeu. By net-kommersjele bedriuwen, lykas non-profitorganisaasjes, non-gûvernemintele organisaasjes en ferienings sûnder winsteachmerk, is it stribjen nei it meitsjen fan winst net it (earste) doel, mar wurdt ynstee socht nei in nut of it wolwêzen fan (in diel fan) 'e befolking.

By ûndernimmings en/of bedriuwen kinne ferskillende rjochtsfoarmen ûnderskaat wurde. Eltse rjochtsfoarm hat oare wetlik fêstleine rjochten en plichten. In earste skieding dy't dêrby oanbrocht wurde kin, is dy tusken ûndernimmingsfoarmen en rjochtspersoanen. By persoanlike ûndernimmingsfoarmen is/binne de eigner(s) persoanlik oanspraaklik foar harren bedriuw, mei't der yn 'e juridyske sin gjin ûnderskie bestiet tusken de persoan of persoanen fan 'e eigner(s) en it bedriuw. By rjochtspersoanen stiet it bedriuw yn juridyske sin los fan 'e eigner(s).

  • persoanlike ûndernimmingsfoarmen:
    • ienmanssaak: in bedriuw mei mar ien eigner, dy't foar eigen rekken wurket
    • maatskip: ferskate persoanen binne de eigner en wurkje yn it bedriuw mei-inoar gear
    • firma: ien of mear persoanen is/binne de eigner(s) yn in juridyske konstruksje dy't ôfwykt fan in maatskip
  • rjochtspersoanen:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.