Springe nei ynhâld

Fenantius Fortunatus

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 okt 2020 om 14.14 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Libben: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Fenantius Fortunatus
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Venantius Honorius Clementianus
   Fortunatus
nasjonaliteit Romeinsk
berne ±530
berteplak Duplavis, by Treviso (Itaalje)
stoarn ±600 / 609
stjerplak Poitiers (Frankryk)
etnisiteit Romeinsk
wurk
taal Latyn
sjenre hymnen, poëzij, hilligelibbens
perioade Iere Midsiuwen
bekendste
  wurk(en)
Pange Lingua Gloriosi Prœlium
   Certaminis

Vexilla Regis Prodeunt
Vita Sancti Martini
jierren aktyf ±550600/609
offisjele webside
n.f.t.

Fenantius Fortunatus (folút: Fenantius Honoarius Klemintianus Fortunatus; Duplavis, by Treviso (Itaalje), ±530Poitiers (Frankryk), ±600 of 609) wie in Midsiuwsk Latynsk dichter en hymneskriuwer út it Merovingyske Tiidrek, en biskop fan Poitiers. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste dichters op 'e grins fan 'e Aldheid en de Iere Midsiuwen. Guon fan syn hymnen, benammen it Pange Lingua Gloriosi Prœlium Certaminis en it Vexilla Regis Prodeunt, hearre ta de meast ferneamde fan 'e Latynske liturgy. Nei syn dea waard Fortunatus fereare as hillige, benammen yn 'e omkriten fan Poitiers en yn syn bertestreek yn Noard-Itaalje, mei in feestdei dy't op 14 desimber foel (wat syn stjerdei west hawwe soe), mar feitliken wied er nea offisjeel hillich ferklearre.

Fenantius Fortunatus waard earne tusken 530 en 540 berne te Duplavis, deunby Treviso, yn wat no noardeastlik Itaalje is. Hy groeide op doe't de Byzantynske werovering fan Itaalje geande wie, mar der bestiet ûnienichheid oer wêr't Fortunatus syn jonkheid trochbrocht hat. Guon histoarisy miene dat Fortunatus syn famylje nei Akwileja, yn Midden-Itaalje, ferfear fanwegen de ûnlijige politike sitewaasje dy't yn Treviso ûntstie nei de dea fan de Goatyske kening Teoderik de Grutte. It bewiis foar dizze ûnderstelde ferhuzing is lykwols tige krap.

Fenantius Honoarius troch sir Lawrence Alma-Tadema.

Earne yn de 550-er of 560-er jierren reizge Fortunatus nei Ravenna ta (dat doe it regearingssintrum fan Itaalje wie), om dêr te studearjen. Hy ûndergie dêr in klassike oplieding yn 'e Romeinske styl, wat û.m. blykt út syn trochkrûpte bekendheid mei klassike dichters as Fergilius, Ovidius en Horatius, wa har ynfloed oft sterk út syn lettere wurk nei foarren komt. Teffens hied er nei alle gedachten ienige kennis fan 'e Grykske taal en fan klassike Grykske skriuwers en filosofen, mei't er yn syn poëzij ferskate kearen nei harren ferwiist en út en troch ris in Gryksk wurd yn syn fersregels bemjukset.

Uteinlik ferfear Fortunatus fia Dútslân nei it âlde Galje (it hjoeddeiske Frankryk), dêr't er yn 'e maityd fan 566 oan it Merovingyske Hof te Metz oankaam, wierskynlik mei de bedoeling om dêr hofdichter te wurden. Aldergeloks foel syn oankomst dêre gear mei it houlik fan kening Sigebert I en keninginne Brúnhilde, en koed er daliks in wichtige rol ferfolje troch in fieringsdicht te meitsjen dat er foar it hiele Hof foardroech. Sadwaande hied er fan it begjin ôf oan al in grutte kliïntêle fan eallju dy't him betellen om poëzij foar (en oer) harren te skriuwen. Likernôch in jier nei syn oankomst yn Metz reizge Fortunatus fierder nei it Hof fan Sigebert syn broer, kening Garibert I, te Parys, dêr't er ferbleau oant it ferstjerren fan dyselde yn 568. Fanwegen it gefaar dat kening Hilperik I foar him ynhold, de broer en fijân fan Sigebert en Garibert, dy't syn macht doe nei Parys ta útwreide, wied er twongen en kear werom nei de lannen dêr't Sigebert de skepter swaaide.

Hy gie súdoan oer Toers, en sette him nei wenjen te Poitiers. Dêr't mette er de Frankyske keninginne en non Radegondis, mei wat er goed befreone rekke. Fortunatus skreau in grut tal gedichten oer har en brieven oan har, en stipe har ek yn har politike bemuoienissen. Teffens kaam er dêre yn 'e kunde mei de lettere biskop en foaroanman fan 'e Westerke Tsjerke Gregoarius fan Toers, dy't ek in freon fan him waard. Yn 580 skreau Fortunatus in gedicht wêryn't er Gregoarius ferdigene tsjin 'e ferriedlike beskuldigings dy't oan it hof fan kening Hildebert II, yn Poitiers, tsjin him utere wiene. Yn 599 of 600 waard Fortunatus, hoewol't er gjin tsjerkeman wie, oansteld as opfolger fan biskop Plato fan Poitiers. Hy stoar earne tusken 600 en 609, neffens de tradysje op 14 desimber. Hoewol't er nei syn dea in hillige neamd waard en ek oan hjoed de dei ta as sadanich fereare wurdt, is er nea formeel hillich ferklearre.

Fortunatis is it bekendst wurden om twa gedichten dy't as hymnen ûnderdiel wurden binnen fan 'e liturgy fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. It iene is it Pange Lingua Gloriosi Prœlium Certaminis ("Sjong, O Tonge, fan 'e Glorieuze Wrakseling"), dat letter Tomas fan Akwino ynspirearre ta it skriuwen fan syn Pange Lingua Gloriosi Corporis Mysterium, en it oare is it Vexilla Regis Prodeunt ("De Keninklike Banieren Geane Foarút"), dat songen wurdt as ûnderdiel fan 'e fesperstsjinsten yn 'e Lijenswike. It oare grutte wurk dêr't Fortunatis ferneamdheid mei wûn, wie it hilligelibben oer de hillige Martinus, it Vita Sancti Martini. Dat skreau er as in lang ferheljend gedicht, dat de Aldgrykske en Romeinske epyske gedichten út 'e Klassike Aldheid net wanlyk is, mar dat dêrfan ôfwykt trochdat it optilt fan 'e kristlike ferwizings. It hat in foarwurd dat û.m. oan Radegondis rjochte is, en dat yn 2011 troch Klaas Bruinsma oerbrocht is nei it Frysk (sjoch foar mear gegevens ûnder Boarnen).

Fierders skreau Fortunatus ek noch alve oerlevere (dus oarspronklik miskien mear) boeken mei Latynsktalige poëzij fan alderhanne sjenres en ûnderwerpen. In protte gedichten dêrút dy't in religieuze kontekst hiene, binne letter op muzyk set en ta hymnen makke. Fierders begûn er nei har ferstjerren oan in hilligelibben yn fersen oer syn patronesse, keninginne Radegondis, dat nei syn eigen dea ôfmakke waard troch de non Boudewina.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Fortunatus, Venantius, It Libben fan Sint Martinus: Foarwurd oan Agnes en Radegonde – Oanrin ta it Libben fan Sint Martinus (oers. Klaas Bruinsma), 2011 (typoskript fan 12 siden, mei begeliedend skriuwen oan Hans Laagland, Tresoar), Tresoar oanfraachnû. Handschrift Bruinsma, Klaas.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.