Stamhaad
- opperhaad wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: opperhaad (betsjuttingsside).
In stamhaad is in persoan (man of frou) mei in liedende funksje yn in tribale maatskippij. Soms hawwe tribale etnyske groepen ien inkeld stamhaad, mar yn 'e regel binne it der twa of mear, of is it stamhaad de earste ûnder syn gelikensen yn in ried fan âldsten. Sokke stamhaden wurde ornaris oansteld op grûn fan harren persoanlike kwaliteiten, mar erflik stamhaadskip komt ek foar.
In stamhaad mei in legere status as oare stamhaden fan syn etnyske groep wurdt yn 'e regel omskreaun as in haadman (of haadfrou). Oare foarmen fan stamhaden binne de kriichslieder (dy't spesifyk oansteld wurdt foar in perioade fan oarloch en waans autoriteit beheind is ta kwestjes dy't de striid oanbelangje), en in religieuze lieder dy't ek op polityk mêd oerhearsket, sa't dat soms foarkomt mei medisynmannen.
Spesifyk foar stamhaden fan 'e Yndianen fan 'e Amearika's is yn it Frysk en Nederlânsk de term opperhaad (of oerhaad) yn gebrûk. Yn Súd-Amearika wurdt gauris de Spaanske namme cacique brûkt, wylst fan 'e Hawaï-eilannen de term ali‘i bekend is. Yn 'e Arabyske kultuer steane de haadlju fan bedoeïnestammen bekend as sjeik.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |