Springe nei ynhâld

Telefyzjespecial

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 okt 2020 om 06.57 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In telefyzjespecial of koartwei special (útspr.: ['spɛʃəl], likernôch: "spes-jul") is in op himsels steand telefyzjeprogramma, dêr't tydlik de normale programmearring foar ûnderbrutsen wurdt dy't op datselde tiidstip en telefyzjekanaal gewoanlik te sjen is. Specials kinne alderhanne ynhâld hawwe dy't fia it medium telefyzje ferspriedt wurdt, lykas nijs, aktualiteiten, in toaniel- of teäterregistraasje, drama, komeedzje, sketches, ensfh. Se kinne fierders ferskate formaten hawwe, lykas live-telefyzje, in studioproduksje, in dokumintêre, animaasje, of in film. En ek de lingte ferskilt, fan in koarte film oant in langspylfilm oant in telefyzjemaraton.

Foar de útstjoering fan specials bestiet ornaris in direkte oanlieding. Sa wurde mei de kryst en âld en nij in protte specials útstjoerd yn ferbân mei de feestdagen. In oare bekende reden kin it ferstjerren fan in ferneamd persoan wêze, dat dan foar de omrop oanlieding is om dy jûns in dokumintêre oer syn of har libben út te stjoeren, of, as it om in akteur of aktrise giet, om in bekende film fan him of har op 'e telefyzje te bringen. Ek ynsammelingsaksjes foar de slachtoffers fan hongersneden, oerstreamings, ierdbevings en oare natoerrampen foarmje in bekende oanlieding foar in special, dy't yn sokke gefallen yn 'e regel bestiet út in telefyzjemaraton dy't de hiele jûn duorret en wêrby't oan 'e ein fan it programma it ynsammele jildbedrach bekend makke wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.