Floaris II fan Hollân
Floaris II (sa. 1085 - 2 maart 1122), (bynamme de Fette of de Dikke), wie greve fan it Hollân en Seelân, soan fan Durk V fan Hollân en Othilde.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy is berne yn Flaardingen en is te hôf brocht yn de Abdij fan Egmond. Foar syn houlik hie hy in bûtenechtlike relaasje wêrút in dochter berne is mei de namme Hadewych Floarisdr. Hadewych is troud 1115 mei Hugo III fan Voorne.
Om 1108 hinne is Floaris II troud mei Petronella fan Saksen, dochter fan de hartoch fan Opper- Lotharingen en healsuster fan de Dútske kening Lotharius III fan it Hillige Roomske Ryk. Geertruida feroare har namme yn Petronella. Sy woe dêr wierskynlik mei sjen litte dat se ferbûn wie mei Petrus en de Paus.
Tegearre krigen sy op syn minst trije bern: Durk dy’t syn heit opfolgje soe. Floaris dy’t bekend wurden is as Floaris de Swarte en Simen dy’t Kanunnik yn Utert wurden is.
Floaris II beëinige it konflikt mei de biskop fan Utert troch him yn 1101 as lienhear te erkennen. Neidat hy syn gebiet útwreide hie mei Leien en de omjouwing krige hy fan de biskop de titel Greve fan Hollân en Seelân. Floaris II is de earste dy’t sa neamd waard, dêrfoar waard syn domein noch it Greefskip fan Fryslân neamd.
De bynamme de Fette of de Dikke hie wierskynlik mei syn dikke búk te meitsjen, mar it kin ek wêze dat it ferwiisde nei al syn rykdom. Floaris II wie tige ryk troch it jild dat hy fertsjinne mei it ôfgraven fan fean en troch tol te garjen. Floaris II hat ferskillende houten tsjerken ferfongen troch dowestien. Doe't Floaris ferstoar wie syn soan Durk VI fan Hollân noch mar 7 jier âld. De frou fan Floaris II hat Hollân bestjoerd as regintesse oant Durk âld genôch wie om it amt op him te nimmen.