Skaad
In skaad of skâd is wat dat ûntstiet as it ljocht út in ljochtboarne hielendal of foar in part tsjinholden wurdt troch in ûntrochlittich objekt. In skaad kin net bestean as der net sawol in ljochtboarne as in blokkearobjekt oanwêzich is. It skaad is dêrby de hiele dûnkere, trijediminsjonale romte efter it objekt, dêr't it ljocht net of mar foar in diel trochkringe kin. De ljochtboarne kin fan natuerlike oarsprong wêze, lykas de sinne of de folle moanne, mar it kin ek in keunstmjittige ljochtboarne wêze, lykas in lampe; it objekt kin fan alles wêze.
Astronomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e astronomy is der sprake fan in moannefertsjustering as de ierde in skaad op 'e moanne smyt. As de moanne in skaad op 'e ierde smyt, hjit dat in sinnefertsjustering. In himellichem kin foar minsken sichtbere skaden op 'e ierde smite as syn skynbere magnitude itselde of leger is as –4. Dat betsjut dat de iennichste himellichems dy't foar minsken sichtbere skaden op 'e ierde smite kinne, de sinne en de moanne binne en, as oan tige selden foarkommende omstannichheden foldien wurdt, Fenus en Jupiter.
Soarten skaden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der besteane ferskate soarten skaden.
- eigen skaad
It eigen skaad is it skaad dat op it blokkearobjekt sels oanwêzich is, op 'e net beljochte, oftewol de beskade kant. By wize fan foarbyld kin men jin in peal foarstelle dy't yn it sinneljocht stiet. Dêrby skynt de sinne op ien kant fan 'e peal, dy't dêrtroch ljocht is, wylst de oare kant dûnker(der) is om't de sinne dêr net op skynt. Dy dûnkerder kant fan 'e peal is it eigen skaad.
- slachskaad
In slachskaad is it skaad dat in objekt op in ûndergrûn of eftergrûn smyt. Hjirby smyt de fan ien kant troch de sinne beskynde peal bgl. in skaad op it sân dêr't er yn stiet of op in deunby boude muorre. Slachskaden ferskille sterk yn lingte, ôfhinklik fan 'e posysje fan 'e ljochtboarne. By de sinne is it bygelyks sa dat as er heech yn 'e loft stiet in objekt lykas de neamde peal op in stuit hielendal gjin slachskaad hat, om't de sinne der rjocht boppe stiet. (Dêrfoar is it wol nedich dat de peal yn 'e tropen stiet; yn Fryslân soe sa'n peal op 21 juny om 'e middeisoere hinne noch altyd in slachskaad fan 53% fan 'e lingte fan 'e peal smite.) Wat leger oft de sinne komt te stean, wat langer oft it slachskaad wurdt dat de peal smyt.
- brutsen skaad
In brutsen skaad is in foarm fan in slachskaad wêrby't in diel fan it skaad dat smiten wurdt troch de peal op it sân falt, en in oar diel op 'e muorre. Op it punt dêr't it skaad fan it sân oergiet op 'e muorre, sit der in soarte fan knik yn, dêr't it skaad 'brekt' om't it sân horizontaal rint en de muorre fertikaal oplutsen is.
- kearnskaad en healskaad
In kearnskaad is it dûnkerste diel fan in eigen skaad of in slachskaad: it gebiet dêr't gjin inkele ljochtstriel yn trochkringe kin. Dêrfoaroer is it healskaad (yn 'e natuerkunde byskaad neamd), it healdûnkere diel fan 'e bûtenste begrinzging fan in eigen skaad of in slachskaad, dêr't in lyts diel fan 'e ljochtstrielen wol trochkringt. Sa'n healskaad ûntstiet as de ljochtboarne net puntfoarmich is (en dus oan wjerskanten om it blokkearobjekt hinne skynt). De trijediminsjonale romte fan in healskaad hjit in healskaadkegel of byskaadkegel. Dêrfan binne der yn 'e regel twa, ien oan eltse kant fan it blokkearobjekt. Der kin sprake wêze fan in ljocht healskaad en in dûnker healskaad as ien fan dy kegels mear ljocht kriget as de oare. In foarbyld fan 'e wurking fan kearnskaad en healskaad is in sinnefertsjustering, wêrby't de moanne in skaad op 'e ierde smyt. It gebiet dêr't de sinnefertsjustering folslein is, leit yn it kearnskaad; dêromhinne spriedt him in gebiet út mei in ûnfolsleine sinnefertsjustering, dat yn it healskaad leit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|