Springe nei ynhâld

Tikesleat

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 okt 2020 om 13.42 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Tikesleat is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De feart rint besuden de ierdgaslokaasje oan de Sumarderwei nei it suden yn de rjochting fan De Tike. Foar De Leien spjalt de feart him yn in part dat súdlik yn de mar útrint, de westlike stream rint noch in kilometer nei it súdwesten en komt dan yn de Leien út.

De namme Tikesleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Tikevaart.