Bakkefeanster Feart
Appearance
De Bakkefeanster Feart is in kanaal yn de gemeente Opsterlân. De feart rint fan Sigerswâld troch Bakkefean rjochting Waskemar. Foar Waskemar bûcht de feart ôf en hjit dan Mandewyk. Njonken de feart rinne de Foarwurkerswei en de N917.
De namme Bakkefeanster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Bakkeveensche Vaart.