Johannes van Dreght
Jo(h)annes van Dreght (Amsterdam, 1737 - dêre, 1807) wie in Amsterdamske eunstskilder fan tapaste keunst: dekôrs, skouwen, koetsen, jachten, sliden en waaiers.
Van Dreght waard yn 1758 lid fan it Sint Lukasgilde. Hy boaske yn 1761 en waard yn 1766 lid fan de Amsterdamske stedstekenakadeemje. Hy ûntfong de gouden earepriis op de tekenakadeemje. Hy wenne yn de Kerkstraat net fier fan de Amstel. Dreght skildere skoarstienstikken yn it stedhûs fan Amsterdam (1772), de Hollânske skouboarch (1774), yn de pânen Herengracht 518 en 520 en yn it Corvershof (1778). Van Dreghts wurk tsjûget fan in nije fyzje op de klassike âldheid, it neoklassisisme.
Polityk sjoen hinge er oer nei de patriotten, dy't aardich sjarmearre wiene fan de Romeinske Republyk. Doe't yn 1781 en 1792 De barbier fan Sevilla, in toanielstik fan Pierre Beaumarchais yn de stedsskouboarch opfierd waard, skildere Van Dreght it dekôr.
De behangskilder Jurriaen Andriessen wie ien fan syn learlingen; Willem Bilderdijk hie syn feardigens as tekener en etser oan it ûnderrjocht fan Joannes van Dreght, dy't 10 jier syn learaar wie, te tankjen.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Lânskip mei paad
-
Ruter en reizger yn in lânskip
-
Dûbelportret fan in man mei steek. Faaks in selsportret
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johannes van Dreght fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|