Springe nei ynhâld

Adriaan Bergsma

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 okt 2020 om 15.45 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (dp)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Adriaan Bergsma, (Dokkum, 9 augustus, 1702 - De Haach, 25 july 1780), wie abbekaat en politikus.

Hy wie in soan fan grutgrûnbesitter Pieter Arriens Bergsma en Trijntje Went, liet him tagelyk mei syn broer Eiso ( Dokkum, 3 maart 1700 - dêre, 6 juny 1766), dy't dûmny yn Ie en Dokkum waard) as studint ynskriuwe oan de Frjentsjerter Hegeskoalle (1717). Waard dêr yn 1723 befoardere ta utr. jur. dr. op in Dissertatio de origine, progressu et praecipua testamentorum solennitate apud Romanos usitata. Hy waard abbekaat foar it Hof fan Fryslân, ried en abbekaat-fiskaal fan East-Ynje (3 augustus 1734 en 23 oktober 1739 admiraal fan de retoerfleat. Krige foar syn tsjinsten troch de Feriene Eastyndyske Kompanjy in gouden tinkpeinje útrikt. Waard dêrnei boargemaster fan Snits (1770), lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân, foarsitter fan de Steaten-Generaal.

Boaske jannewaris 1737 yn Batavia mei Margaretha fan Berendregt (Barendrecht, 5 maaie 1707 - dêre, 30 desimber 1737), dêrnei yn De Haach 14 novimber 1741 mei Catharina Regina van Bynkershoek, (dêr doopt op 22 april 1718 - dêr begroeven op 6 novimber 1761).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Inghis, NNBW
  • Nederland's Patriciaat (1927), 2;
  • Systematische Catalogus der Prov. Bibliotheek van Friesland, (Ljouwert, 1875) III, 1107;
  • Wumkes: Stads- en Dorpskroniek van Friesland (Ljouwert, 1930) I, 257.