Springe nei ynhâld

Markus Lisinius Krassus

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 sep 2020 om 20.27 troch CommonsDelinker (oerlis | bydragen) (Crassus.JPG ferfongen troch Roman_bust_in_Ny_Carlsberg_Glyptotek.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Correct uncertain identification. The)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Buste fan Markus Krassus

Markus Lisinius Krassus (115 f.Kr. - 53 f.Kr.) wie in belangryk Romeinsk politikus yn de tiid fan de Romeinske Republyk. Hy hie de bynamme Dives, wat rike betsjut. Syn rykdom fergaarre hy troch slavehannel en fêstguod. As praetor ferneatige hy de opstannige slaven ûnder Spartakus. Hy makke mei Caesar en Pompejus diel út fan it Earste Trijemanskip (60 f.Kr.).

Krassus wie fan aadlike komôf en kaam út in laach dat fjochte hie yn de Twadde Punyske Oarloch. Hja beklaaiden wichtige funksjes by de Romeinske oerheid. Syn heit Publius Krassus wie konsul yn 97 f.Kr. en sensor yn 89 f.Kr., mar waard inkele jierren letter lykwols fermoarde, doe't Gaius Marius en Lusius Kornelius Sinna yn it konflikt mei Sulla yn Rome in greep nei de macht diene. De jonge Krassus slagge deryn himsels te rêden en focht oan de side fan Sulla yn de boargerkriich. As offisier ûnderskiede hy him yn de lêste grutte slach, de "Slach by de Porta Colinade". Yn it tiidrek dat dêrop folget makket Krassus syn fertún.

Krassus moast de slaveopstân dy't ûnder leiding stie fan Spartakus en grutte parten fan Súd-Itaalje terrorisearre, delslaan mei 8 legioenen. Ynearsten behelle hy allinnich mar tsjinslaggen dêr't de Romeinske legioenen troch de opstannelingen ferslein waarden. Stadichoan wist Krassus it inisjatyf nei him ta te hellen. Uteinlik naam er Spartakus en it restant fan syn opstannelingeleger finzen doe't dy de Adriatyske See oerstekke woenen. Neffens lettere skiedskriuwers soenen Spartakus, tegearre mei 6000 fan syn slaven krusige wêze lâns de Via Appia. Yn 70 f.Kr. waard Krassus û.o. troch dizze oerwinning tegearre mei Pompejus ta konsul keazen.

Earste Triumviraat en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tegearre mei Pompejus stipe Krassus Caesars syn kandidatuer foar it konsulaat, wêrtroch in machtsblok foarme waard: it Earste Triumviraat (Trijemanskip). Yn 54 f.Kr. gie hy as prokonsul nei Syrje dêr't de Romeinen yn kriich wiene mei de Parten. Krassus late de operaasjes fan it leger dêr en oan it haad syn legioenen gie er sels op fjildtocht nei Mesopotaamje. Yn de woastyn by it plakje Carrhae, yn it noarden fan it hjoeddeiske Irak, rekke it Romeinske leger ynsletten troch Surenas, generaal fan de Partyske kening Orodes II dy't it befel fierde oer 10.000 ruters mei gefaarlike en tige effektive bôgen. Sy bestoken oan ien tried wei de 40.000 Romeinske ynfanteristen fan Krassus fan grutte ôfstân mei deadlike pylken. It wie krekt oft de Romeinen yn in grutte deadlike bijeswaarm telâne kamen. Krassus syn soan Publius Krassus sneuvele by dat foarfal. Mei de oerbleaune soldaten besiket Krassus in goed hinnekommen te finen werom nei de Romeinske provinsje Asia. As de Parten oanjouwe mei him ûnderhannelje te wollen oer frede wurdt er op wei nei it stee dêr't it fredespertear hâlden wurde soe finzen naam en koart dêrnei fermoarde. Neffens de historikus Kassius Dio (dy't twahûndert jier letter libbe) gie by de Parten it ferhaal rûn dat er goud yn syn ôfhakte holle jitten waard.