Frans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)
Jonkhear Mr. Frans Julius Johan (Frans) van Eysinga (Wommels, 31 desimber 1818 - Ljouwert, 16 april 1901) wie in keamerlid, rjochter en politikus.
Van Eysinga wie in rike Fryske ealman dy't parlemintêr rekordhâlder is wat sittingsduer oanbelanget: mar leafst 44 jier wie er lid fan de Earste Keamer. Hy wie ek acht jier foarsitter fan de Senaat. Hy wie de opfolger fan J.A.G. baron de Vos van Steenwijk. Neist syn Keamerlidmaatskip wie hy lâneigner en rjochter, en beklaaide hy ferskate funksjes op wettersteatkundich mêd. Hy wie in typyske regiofertsjintwurdiger, dy't each hie foar de belangen fan Fryslân. Hy spile yn 1868 in grutte rol by it besykjen om de politike krisis op te lossen. Van Eysinga hie grutte belangstelling foar de Fryske skiednis en kultuer en wie beskermhear fan ferskate ferienings op dat mêd. Yn de Earste Keamer waard hy opfolge troch W.A.A.J. baron Schimmelpenninck van der Oye
Syn soan Idzerd Frans van Humalda van Eysinga wie letter lid fan de Twadde Keamer foar de Kappeynianen.
Underskiedingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw op 15 septimber 1860 en kommandeur yn deselde oarder op 10 maart 1881 foar syn part yn it meitsjen fan it Wetboek fan Strafrjocht.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Van Eysinga yn 1899
troch P. de Josselin de Jong