Kaard
Appearance
Kaard (Midslânsk: Kaad) is in doarp op it Fryske waadeilân Skylge, mei 14 ynwenners (1 jannewaris 2005).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kaard leit by de dyk fan West-Skylge nei Midslân, westlik fan Baaidunen en Kinum, ticht by it útwetteringskanaal nei de Nije Syl.
Hy wurdt foarme troch in groepke pleatsen en in pear hûzen. By Kaard hearre ek it Horper dún en de restanten fan Stoartum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant yn de 19e iuw waard Kaard beskôge as in buert fan buorskip de Lytse Bueren. Yn dy tiid bestie Baaidunen noch net, en hearde ek dat gebiet ta Kaard. Oarsom lei Stoartum súdwest fan Kaard, oant it yn 1825 yn in stoarmfloed weifage waard.