Springe nei ynhâld

Opperwachtmaster

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 aug 2020 om 11.39 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (ts)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In opperwachtmaster of oerwachtmaster is in rang yn it leger en by de plysje. Yn it leger komt de opperwachtmaster foar by de maresjesee en by de lânmachtwapens fan 'e kavalery en de artillery, dêr't dizze ûnderofsiersrang lykweardich is oan 'e rang fan sersjant-majoar by de rest fan 'e lânmacht, de loftmacht, de marine en de mariniers. De oansprektitel is fan in opperwachtmaster is "opper". De boppelizzende rang is adjudant en de ûnderlizzende rang is wachtmaster.

Skematysk oersjoch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersjoch fan 'e opperwachtmastersrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
sersjant-majoar
of opperwachtmaster
sersjant-majoar sersjant-majoar

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OR-7
sersjant-majoar
sersjant-majoar
(by de artillery en kavalery: opperwachtmaster, opper)
sersjant-majoar
majoar
(Operasjonele Tsjint/Nautyske Tsjinst: skipper;
by it Korps Mariniers: sersjant-majoar-marinier, majoar)
sersjant-majoar
sersjant-majoar of majoar
opperwachtmaster
opper

De Ryksplysje koe tusken 1945 en 1994 ek de rang fan opperwachtmaster. By de reorganisaasje fan 'e Nederlânske plysje mids jierren njoggentich is der lykwols foar keazen om 'e by de gemeenteplysje gongbere rangoantsjuttings oer te nimmen. Sadwaande ferdwûn de rang fan opperwachtmaster en waard ferfongen troch brigadier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side.