Sintraal-Afrikaanske Republyk
| |||||
Offisjele taal | Frânsk,Sango | ||||
Haadstêd | Bangui | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
622.984 km² -% | ||||
Ynwenners (2016) | 5.507.257 | ||||
Munt | CFA-frank (XAF) | ||||
Tiidsône | UTC +1 | ||||
Nasjonale feestdei | 1 desimber | ||||
Lânkoade | CAF | ||||
Ynternet | .cf | ||||
Tillefoan | 236 |
De Sintraal-Afrikaanske Republyk is in steat yn Sintraal-Afrika. De haadstêd is Bangui.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sintraal-Afrikaanske Republyk wurdt begrinzge troch:
- Tsjaad yn it noarden,
- Sûdan en Súd-Sûdan yn it easten,
- Demokratyske Republyk Kongo en de Republyk Kongo yn it suden,
- Kameroen yn it westen.
Grutte plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plak | Ynwennertal |
---|---|
Bangui(Bangî) | 622.771 |
Bimbo | 124.176 |
Berbérati | 76.918 |
Carnot | 45.421 |
Bambari | 41.356 |
Bouar | 40.353 |
Bossangoa | 36.478 |
Bria | 35.204 |
Bangassou | 31.553 |
Nola | 29.181 |
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It heechste punt fan it lân is de Mont Ngaoui (1,420 m). Fan súd nei noard feroaret it gea troch it tropysk reinwâld yn it suden en de savanne yn it noarden. Dêrneffens falt yn it suden mear rein as yn it noarden, it klimaat fan it lân wurdt as tropysk skaaimerke.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1905 waard yn it gebiet fan de Sintraal-Afrikaanske Republyk fan no de Frânske koloanje Oubangui-Chari oprjochte, dat mei oare gebieten yn 1910 ta Frânsk-Ekwatorjaal Afrika gear foege waard.
Yn 1958 waard Oubangui-Chari in autonome steat yn de Frânske Mienskip ûnder de namme Sintraal-Afrikaanske Republyk. Op 13 augustus 1960 waard it lân in ûnôfhinklike republyk. Troch in steatsgreep yn 1966 fan it leger waard de grûnwet bûten wurking steld. As nije presidint tredet kolonel J.B. Bokassa op, dy't sûnttiid in protte foechens nei him ta loekt. Yn 1976 ropt Bokassa it lân út ta keizerryk mei himsels as earste keizer.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de ûnôfhinklikens hat de befolking fan de Sintraal-Afrikaanske Republyk him fjouwerfâldige. Yn 1960 bestie de befolking noch út 1.232.000 minsken. Yn 2009 wie dat oanwaakse oant 4.422.000. De befolking hat lykwols slim te lijen troch de gefolgen fan AIDS.
De naasje is ferdield yn mear as 80 etnyske kloften, elts mei in eigen taal. De grutste etnyske kloften binne de Baya (33%), Banda (28%), Mandjia (7%), Sara (10%), Mboum (7%), M'Baka (4%), Yakoma (4%), en Fulany (3%), oaren 4%, Jeropeanen ynbegrepen meast fan Frânske komôf.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kristenen foarmje de helte fan de befolking, wylst 35% noch de ynhiemske godstsjinsten oanhinget. De islam wurdt dien troch goed 15% fan de bewenners fan it lân.