Joseph Bosworth
Joseph Bosworth (Etwall (Derbyshire), 1789 – Oxford, 27 maaie 1876), wie in Anglikaansk geastlike en kenner fan it Angelsaksysk en de Angelsaksyske literatuer út Ingelân.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei ûnderjocht oan in skoalle yn Repton gie Bosworth nei de Universiteit fan Aberdeen om dan yn 1817 predikant (vicar) yn Little Horwood, Buckinghamshire te wurden. Yn syn frije tiid lei er him ta op literatuer, benammen makke er stúdzje fan de Angelsaksyske talen. Yn 1823 ferskynde syn Elements of Anglo-Saxon Grammar en waard er ek ynskreaun as 'studint foar tsien jier' oan Trinity College, Cambridge. Juny 1829 wurdt er keazen ta Fellow of the Royal Society.[1]
Yn 1829 ferfarde Bosworth nei Nederlân as kapelaan, earst yn Amsterdam letter yn Rotterdam. Hy bleau oant 1840 yn Hollân dêr't er wilens trochwurke oan syn meast bekende wurk, Dictionary of the Anglo-Saxon Language (1838). Thomas Toller makke letter in nije edysje fan it wurdboek, basearre op Bosworth syn wurk, en heakke in der in supplemint oan ta (2 dielen 1898-1921).
Yn 1857 waard er rektor yn Water Stratford, Buckinghamshire, en in jier letter waard er beneamd as Rawlinsonian Professor of Anglo-Saxon yn Oxford. Yn 1867 skonk er de Universiteit fan Cambridge £10,000 foar it stiftsjen fan in professoraat yn de Angelsaksyske talen (Elrington and Bosworth Professor of Anglo-Saxon). Nei syn dea liet er in mannichte oantekeningen oer Angelsaksyke charterboeken nei; hy kaam te hôf yn Water Stratford. It boppeneamde professoraat yn Oxford, sûnt 1916 bekend as it Rawlinson and Bosworth Professorship of Anglo-Saxon, waard fan 1925 oant 1945 beset troch J. R. R. Tolkien.
De Fryske taalkundige en skriuwer Joast Hiddes Halbertsma (1779-1869) korrespondearre mei Bosworth.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bosworth's wurk by Internet Archive
- An Anglo-Saxon Dictionary, scans fan syn wurk. Digitalisearre ûnder lieding fan Sean Crist.
- A Downloadable version of "An Anglo-Saxon Dictionary"
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |