Springe nei ynhâld

Westernieland

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 jul 2020 om 01.36 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lizzing gemeente De Marne
Tsjerke fan Westernieland mei de skeane toe
Pastory 'De Weem'

Westernieland (Grinslânsk: Westernijland/'t Nijland) is in lyts doarp yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân. It doarp hat sa'n 180 ynwenners.

Yn 1447 wurdt de Westernieland ("westlik lizzend nij lân") foar it earst neamd.

Westernieland hat in tsjerke út de 13e iuw. Yn 1717 is it doarp by de Krystfloed fuortspield. De tsjerke bleau lykwols sparre en it doarp is mear nei it easten ta op 'en nij boud, sadat de tsjerke no oan de râne fan it doarp leit. Justjes be-easten it doarp is noch in stik fan de seedyk, dy't yn 1717, foar it grutste part fuortslein is, oanwêzich. It oerbliuwsel is eigendom fan it Groninger Landschap.

De pastory neist de tsjerke (de Weem) is yn 1944 kabaretier Freek de Jonge berne.

It doarp leit oan de ein fan it Westernielandstermaar.

It doarp Oosternieland leit yn de gemeente Iemsmûn.

Berne yn Westernieland

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Wierenga, A. (2005), Herinneringen aan Westernieland. Tynaarlo: Vos-Wierenga. 125 s.
  • Hulscher, H. [red.] (2003), Westernieland, geschiedenis van kerk & dorp. Warffum: Sikkema. 74 s.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]