Springe nei ynhâld

Gemysk wapen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 jul 2020 om 17.30 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Sjoch ek: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Britske fosgeen-bom út de Earste Wrâldoarloch, fûn by de Somme yn 2006
M55-raket fold mei Sarin wurdt ferneatige yn in Amerikaanske fasiliteit op de Johnston-atol
Triengas-projektyl

In Gemysk wapen is in net-eksplosive gemyske stof dy't brûkt wurdt om minsken bûten gefjocht te stellen, te ferwûnjen of te deadzjen. Sokke wapens wurde ûnderskaat fan biologyske wapens, dy't (minuskule) organismen befetsje of toksinen ôfkomstich fan organismen.

Foarbylden fan gemyske wapens:

Gifgas waard net foar it earst yn de Earste Wrâldoarloch brûkt, mar al yn de tiid fan de Aldheid. De Perzen soenen by in belis fan it plak Dura oan de rivier de Eufraat de Romeinen fergiftige hawwe mei pek en swervel yn it jier 256. [1]

Yn de Earste Wrâldoarloch waarden foar it earst gemyske wapens brûkt. Gloargas waard ferspraat troch de rinfuorgen en koste oan in soad soldaten it libben.

Yn 1925 hawwe Spanje en Frankryk, tsjin in inkele moannen dêrfoar sluten ferdrach yn, mei help fan Dútslân mostergas ynsetten tsjin de befolking fan de koart dêrfoar útroppen Rif-republyk yn Marokko.[2] Yn 1934 dienen de Italjanen itselde mei Etioopje.

Sûnt dy tiid binne hieltiten nije, potinsjeel effektivere gemyske wapens ûntwikkele, lykas mostergas en senuwgassen (as bygelyks Sarin). Der binne ek foarmen dy't allinnich bûten gefjocht stelle: triengas, spuigas, pepperspray.

Yn de oarloch Iran-Irak binne troch beide partijen gemyske wapens brûkt. Irak hat letter ek gemyske wapens brûkt tsjin de Koerden yn eigen lân.

Yn 1925 waard it Protokol fan Genève ûndertekene, wat in ferbod op it brûken fan gemyske wapens ynstelde. Letter is dat útwreide nei oare massaferneatigingswapens.
Mei it gemyske wapenferdrach waard produksje en ûntwikkeling fan gemysk wapens wrâldwiid strafber steld. Boppedat moasten ûnder dat ferdrach alle gemyske wapens ferneatige wurde. De OPCW, in autonome ynternasjonale organisaasje fêstige yn De Haach, kontrolearret op de wrâldwide neilibbing fan it ferdrach.

Gemyske en biogemyske wapens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Biogemyske wapens binne net itselde as gemyske wapens. Biogemyske wapens, ek wol biowapens neamd hawwe in oarsprong út organismen. De biowapens kinne dy organismen befetsje of bestean út toksinen út dy organismen. It binne bygelyks faak baktearjes of skimmels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1]. NRC, Ferzje per 10 feb 2009 11:43.
  2. Giftgas gegen Abd el Krim. Deutschland, Spanien und der Gaskrieg in Spanisch-Marokko 1922-1927 door Rudibert Kunz en Rolf-Dieter Muller Rombach en Co 1990,IBN 3 7930 0196 2