Alvin Langdon Coburn
Alvin Langdon Coburn (Boston, 11 juny 1882 - Rhos-on-Sea, Colwyn Bay, Noard-Wales, 23 novimber 1966) wie in Amerikaansk-Britsk fotograaf. Hy waard in kaaifiguer yn de ûntjouwing fan it Amerikaansk pikturalisme. Bernard Shaw neamde him yn 1907 'de grutste fotograaf fan de wrâld'.[1]
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Langdon Coburn wie noch mar acht doe't er út ein sette mei fotografearjen en hie yn 1898 syn earste eksposysje. Hy waard 1902 lid fan de troch Alfred Stieglitz stichte fotoklub “Photo-Secession”, en in jier letter ek fan har Ingelske tsjinhinger “Linked Ring”. Fan 1904 ôf ferskynden de earste foto’s fan Langdon Coburn yn Steiglitz’ ferneamde fototydskrift ‘Camera Work’. Hy reizge in protte, wie tusken 1899 en 1912 faak yn Europa en fotografearre lânskipppen en stedsgesichten, frak ek yn Londen. It meast ferneamd waard er lykwols troch in rige portretten fan ferneamde Jeropeeske en Amerikaanske persoanen, fral fan skriuwers, dy't letter publisearre waard ûnder de titel Men of Mark (1913).
Yn 1912 sette Langdon Coburn him nei wenjen yn Ingelân en sleat er him (mei op oanstean fan syn freon Ezra Pound) oan by de avant-gardistyske Fortisistyske-beweging. Yn dy perioade skeakele er oer op abstrakte fotografy, dy't er sels “vortographiën” neamde.
Tusken it begjin fan de tweintichste iuw en de iere jierren tweintich skoep Coburn gâns in fotografysk oeuvre, wêrmei't er in wichtige bydrage levere oan de ûntjouwing en erkenning fan de keunstfotografy. Coburn syn wurk pykt derút troch it brûken fan de fotogravuere-technyk, dy't as skaaimerk beskôge wurdt foar it pikturalisme, dêr't er mei Stieglitz as ien fan de grûnlizzers fan beskôge wurdt.
Yn de jierren sechtich joech Langdon Coburn in grut part fan syn fotoargyf it George Eastman House yn New York op 'e noed; dêr is in protte fan syn wurk te sjen.
Portrettegalerij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Bernard Shaw, 1908
-
Auguste Rodin, 1908
-
William Butler Yeats, 1908
-
George Seeley, 1903
Londen, iere 20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Westminster Abbey
-
Regent's Canal
-
Hyde Park Corner
-
The Tower Bridge
Fierder lêze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webside Robert Leggat
- Alvin Langdon Coburn, Alvin Langdon Coburn, Photographer, An Autobiography, Dover Publications, 1978, ISBN 0-486-23685-4
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fotogravueres fan Coburn
- Webside fan it National Media Museum
- National Portrait Gallery - wurk fan Coburn
- Galery fan benei 100 foto's
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alvin Langdon Coburn fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|