Stichting Keunstnersferset 1942-1945
De Stichting Kunstenaarsverzet 1942-1945 is in Nederlânske stifting dy't yn 't earstoan as doel hie it útloven fan twa prizen: ienfoar de letterkunde en ien foar de byldzjende keunst. Sy woe dêrmei de oprjochter fan it keunstnersferset, byldhouwer Gerrit van der Veen, en ek de oare keunstners en wittenskippers dy't sneuvele wienen, earje sa it heart.
De Stifting Keunstnersferset 1942-1945 is op 18 jannewaris 1946 oprjochte troch Jacques Bot, Leo Braat, L.J.A. van Dijk, Henriëtte van Eijk, H.S. van Hall, R.F. van Heusden en Koos Schregardus. De oprjochtingsakte fan de stifting jout ûnder oaren de neifolgjende nammen fan fallen keunstners en wittenskippers: Willem Arondeus, Johan Brouwer en Johan Limpers.
Monumint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwege de Stifting Keunstnersferset 1942-1945 makke Carel Kneulman in monumint ta oantins fan it keunstnersferset. It monumint út 1973, dat de namme: Gerrit van der Veen - Monument voor het kunstenaarsverzet krige, stiet oan de Plantage Middenlaan yn Amsterdam.[1][2]
Priis fan de Stichting Keunstnersferset
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1949 en 1964 joech de Stichting Kunstenaarsverzet 1942-1945 de Priis fan de Stichting Keunstnersferset foar de literatuer, byldzjende keunst en muzyk oan:[3]
- 1949 - Aad de Haas en Maurits Dekker
- 1950 - Titus Leeser en N.A. Donkersloot
- 1951 - W.J.H.B. Sandberg en Victor E. van Vriesland
- 1952 - Charley Toorop en Maurits Uyldert
- 1953 - Ap Sok en Rein Blijstra
- 1954 - Gerrit Benner en Henriëtte van Eyk
- 1955 - Mari Andriessen en Gerard Diels
- 1956 - V.P.F. Esser en Han G. Hoekstra
- 1957 - H.M. van der Spoel en W.F. Hermans
- 1958 - Wim Oepts, Maurits Mok en Hendrik Andriessen
- 1959 - Hildo Krop en Belcampo
- 1960 - V.H. Elenbaas en Alfred Kossmann
- 1961 - Hella S. Haasse en Melle
- 1962 - Sonja Landweer en Frank Letterie
- 1963 - Hans Henkemans
- 1964 - Anne Berendsen en Leo Vroman
Fersetspriis fan de Stichting Keunstnersferset
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de betinking 40 jier befrijing yn 1987 ôf, oant 1997 joech de stichting fannijs in priis. Doe gie it om de Fersetspriis fan de Stichting Keunstnersferset:
- 1987 - Theun de Vries[4]
- 1989 - Jan Kassies[5]
- 1991 - Constant Nieuwenhuys en Andreas Burnier
- 1993 - Claude Lanzmann[6]
- 1995 - Ed van Thijn (Vijftig Jaar Bevrijding)
- 1997 - Dubravka Ugrešić
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |