Springe nei ynhâld

It Beaken (tydskrift)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 jul 2020 om 00.28 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (†)

It Beaken wie in tydskrift fan 'e Fryske Akademy dat oan alle leden en donateurs fergees tasjoerd waard. It ferskynde sûnt 1938 yn in omfang fan teminsten 196 siden yn it jier; earst yn seis, letter yn fjouwer of mear ôfleverings. De artikels giene yn haadsaak oer taal, literatuer, skiednis, bestjoer, rjocht, folkskarakter, folkekunde, demografy, keunst, ûnderwiis, godstsjinst en tsjerke. Yn 't earstoan wie it in Frysktalige útjefte, mar geandewei sloep der mear Nederlânsk yn, oant úteinlik Frysktalige artikels útsûnderings waarden. Yn 2020 ferskynde yn ferbân mei besunigings by de Fryske Akademy, dy't finansjeel yn swierwaar rekke wie, de lêste edysje fan It Beaken. Neffens de bygeande ferklearring fan F.A.-direkteur Willem Smink soe It Beaken opgean yn Us Wurk, it blêd fan it Frysk Ynstitút oan 'e Ryksuniversiteit Grins.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Groot, Pieter de, Omkearde Wrâld: Akademyblêd It Beaken nei 81 jier tragysk ûnder, yn: de Ljouwerter Krante, 3 july 2020, bylage Freed, s. 8.