Springe nei ynhâld

Johannes Galenus van Sytzama

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 jul 2020 om 15.41 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
J.G. van Sytzama
De Rinsmastate: bertehûs fan Sytzama
Wapen fan Sytzama

Johannes Galenus baron van Sytzama (Driezum, 2 augustus 1767 - Ljouwert, 13 desimber 1839) wie in Fryske kavalery-offisier en politikus.

Johannes Galenus fan Sytzama waard berne op de Rinsmastate yn Driezum, as soan fan Maurits Pico Diederik fan Sytzama (1731-1795), kommys-generaal fan Finansjen en lid fan de Steaten fan Fryslân, en Catherina Maria fan Heemstra. Yn 1781 naam hy, 14 jier âld, tsjinst by it Steatske leger en waard yndield by it Rezjimint Garde Dragonders. Nei de Frânske machtsoername yn 1795 naam hy ûntslach.

Yn 1814 naam hy opnij tsjinst by de striidkrêften fan it Keninkryk fan de Nederlannen. Kening Willem I fersocht him in Rezjimint Dragonders op te rjochtsjen en stelde him dêrfoar op 6 jannewaris fan dat jier oan yn de rang fan luitenant-kolonel.

Neidat it formearjen fan it rezjimint op 18 july 1814 syn beslach krigen hie, krige Fan Sytzama in oare taak: hy waard kommandant fan it garnizoen yn Ljouwert. Letter dat jier, op 2 septimber 1814 waard hy beneamd ta Provinsjaal Kommandant yn Fryslân en yn 1825 waard hy promovearre ta generaal-majoar. Yn 1839 gie hy as luitenant-generaal mei pinsjoen. Foar syn fertsjinsten waard hy ûnderskieden, hy waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.

Fan Sytzama wie behalve militêr ek politikus, hy wie lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Ek famyljeleden fan Johannes Galenus fan Sytzama wienen polityk en bestjoerlik aktyf: syn soan Maurits Pico Diederik fan Sytzama (1789-1848) wie û.o. Twadde Keamerlid en foarsitter en gûverneur fan Fryslân, syn broer Willem Hendrik fan Sytzama (1763-1848) wie û.o. Twadde Keamerlid en grytman fan Westdongeradiel.

It troch him yn 1814 oprjochte rezjimint makket noch altyd diel út fan de Keninklike Lânmacht, sûnt 1950 ûnder de namme Rezjimint Huzaren fan Sytzama.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P. Forbes Wels, De Nederlandse Cavalerie. Utjouwersmaatskippij C. A. J. van Dishoeck, Bussum, 1963