8501Indie
8501Indie is in muzykkollektyf op De Jouwer.
De stifting 8501Indie hat as doelstelling om de popmuzyk en de popkultuer yn en om De Jouwer te stypjen, te befoarderjen en te behâlden. De stifting is neamd nei de postkoade fan De Jouwer.
It kollektyf waard opset troch in tal muzikanten dy’t yn meardere gearstallings ferskate bands foarmen as Bruckenbauer, Fools & Pretenders en Soldier One. Op it Jouster yndustryterrein bouden se in eigen ûnderkommen mei opnamestudio oan de Edisonwei 7. Yn it gebou is in romte dêr’t fideo’s/klips makke wurde kinne.
Inside Out hjit it eigen festifal fan de stifting. Der wurde aktiviteiten organisearre lykas muzyklessen yn gitaar, basgitaar en drums (8501Music) en der is in eigen platelabel (8501Rekkords). Boppedat organisearret 8501Indie de Jouster foarronde fan de Lytse Priis fan Fryslân. Alle jierren wurde troch de stifting awards útrikt.
Yn 2020 wûn 8501Indie de Fryske Poppriis. [1] De Poppriis waard yn 2021 digitaal útrikt omdat de priisútrikking ein 2020 net trochgean koe troch de koronapandemy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|