Seestrjitten fan de Hawaï-eilannen
Appearance
(Trochferwiisd fan ‘Alenuihāhā-kanaal)
De seestrjitten fan de Hawaï-eilannen binne de see-ingten dy't de ferskillende eilannen fan 'e Hawaï-arsjipel faninoar skiede. Dy wetters wurde yn Hawaï 'kanalen' neamd, net yn 'e sin fan troch de minske groeven wetterrinnen (lykas it Prinses Margrytkanaal), mar yn 'e eardere betsjutting fan see-ingte (lykas yn It Kanaal, tusken Ingelân en Frankryk yn). De seestrjitten tusken de wichtichste Hawaï-eilannen binne:
see-ingte | betsjutting fan de namme |
tusken | breedte |
---|---|---|---|
ʻAlenuihāhā-kanaal | "grutte rôljende tommelweagen" | Hawaï en Maui/Kahoölawe | 48,3 km |
ʻAlalākeiki-kanaal | "gûlende poppe" | Maui en Kahoölawe | 11,3 km |
Kealaikahiki-kanaal | "paad nei Tahity" | Kahoölawe en Lanaï | 27,4 km |
ʻAuʻau-kanaal | "baaie" | Lanaï en Maui | 14,2 km |
Pailolo-kanaal | "healwize fiskerman" | Maui en Molokaï | 13,5 km |
Kalohi-kanaal | "stadigens" | Lanaï en Molokaï | 15,0 km |
Kaiwi-kanaal | "de bonke" | Molokaï en Oähû | 41,8 km |
Kaʻieʻie Waho-kanaal | "de bûtenste ʻieʻie-liaan" (Freycinetta arborea) | Oähû en Kauaï | 116 km |
Kaulakahi-kanaal | "de inkele flam" | Kauaï en Niïhau/Lehua | 27,4 km |
Kumukahi-kanaal | "it earste begjin" | Niïhau en Lehua | 1,1 km |
Hoʻomoʻa-kanaal | "itensiede" | Kauaï/Niïhau/Lehua en Nihoa | 240 km |
Hawaiʻiloa-kanaal | ferneamd nei de legindaryske Polynezyske seefarder en ûntdekker fan 'e Hawaï-arsjipel Hawaiʻiloa |
Nihoa en de Noardwestlike Hawaï-eilannen | 296 km |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |